Dana Delany

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Dana Delany yn 2010.

Dana Delany (folút: Dana Welles Delany; New York, 13 maart 1956) is in Amerikaansk aktrise, tillevyzjeprodusinte en presintatrise fan etnysk Iersk komôf. Se begûn har aktearkarriêre yn 'e midden fan 'e santiger jierren en hat twaris in Emmy (de wichtichste Amerikaanske tillevyzjepriis) wûn. Yn Nederlân is hja it bekendst fan 'e tillevyzjesearjes Desperate Housewives en Body of Proof, en, foar wat âldere sjoggers, út 'e searje China Beach.

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | edit source]

Delany waard berne yn 'e stêd New York, en groeide op yn Stamford, yn 'e steat Konnetikut, yn in roomsk gesin wêrfan't beide âldelju fan Iersk komôf wiene. Se studearre oan 'e Phillips Academy te Andover, yn Massachusetts, en slagge dêr yn 1974 cum laude. Dêrnei folge se de teäteroplieding oan 'e Wesleyan University te Middletown, yn Konnetikut, wylst se tuskentroch, yn 'e simmerfakânsjes, al op 'e bühne stie. Yn 1978 rûne se har oplieding ôf. Neffens harsels wie se yn dy tiid "ien stap fan anoreksia ôf – in stikje roastere bôle en in apel wiene alles dat ik deis iet."

Dana Delany.

Karriêre[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1978 ferfear se nei New York, dêr't se wurk fûn yn soapsearjes en yn 1983 foar it earst mei in stik op Broadway stie. Letter hie se lytse roltsjes yn populêre tillevyzjesearjes as Moonlighting, mei Bruce Willis, en Magnum, P.I., mei Tom Selleck. Yn 1988 wûn se de haadrol yn China Beach, in searje oer de Fjetnamoarloch, as ferpleechster Colleen McMurphy. By har earste audysje waard se ôfwiisd om't men har net kreazernôch fûn, mar regisseur Paul Schrader, ûnder wa't se yn 'e film Patty Hearst spile hie, rette har oan om har lange hier ta in bobline knippe te litten; mei har nije kapsel die se nochris audysje en diskear waard se al oannomen. Mei har rol as Colleen McMurphy, dy't se fertolke oant de searje yn 1991 stopset waard fanwegen delgeande sjochsifers, wûn Delany twaris (yn 1989 en yn 1992) in Emmy yn 'e kategory "treflike haadrol fan in aktrise yn in dramasearje". Dêrnjonken waard se dêr noch twaris foar nominearre (yn 1990 en 1991) en teffens waard se twaris (ek yn 1990 en 1991) nominearre foar in Golden Globe yn 'e kategory "bêste optreden fan in aktrise yn in tillevyzjesearje (drama)".

Yn 'e jierren nei de ein fan China Beach wurke Delany yn in grut ferskaat oan tillevyzjesearjes, films en toanielstikken. Teffens begûn se har stim te lienen oan tekenfilmpersonaazjes. Under de rollen dy't se oannaam, wiene kontroversjele films, lykas Exit to Eden en Live Nude Girls. Yn Exit to Eden spile Delany in dominatriks; ien resinsint skreau oer dy film: "It skript wie striemin – Dana seach der geweldich út." Yn Live Nude Girls, mei û.o. Kim Cattrall, praten froulju op in frijfammefeest iepentlik oer harren seksuële fantasijen. Mei troch guon negative reäksjes dy't se dêrop krige, sloech Delany yn 1998 de rol fan Carrie Bradshaw yn 'e searje Sex and the City ôf. Produsint Darren Star hie har dêrfoar frege nei't er har mei Cattrall (dy't ek foar de searje frege waard, en wol tahapte) yn Live Nude Girls sjoen hie. Yn Delany har plak waard doe Sarah Jessica Parker oannommen, dy't troch Sex and the City wrâldferneamd waard.

Delany gie ûnderwilens troch mei yn alderhanne films, searjes en toanielstikken te spyljen. Sa wie se te sjen yn 'e tillevyzjerigen Law & Order: Special Victims Unit, Boston Legal en de nije ferzje fan Battlestar Galactica. Se waard frege foar ien fan 'e fjouwer oarspronklike haadrollen yn 'e searje Desperate Housewives, mar sloech ek dy ôf, mei't er tefolle liek op rollen dy't se alris spile hie. De searje waard sûnder har in daverjend súkses, mar yn 2007 bea produsint Marc Cherry har der ien fan 'e byrollen yn oan. Diskear naam se him oan, en fan seizoen 4 ôf fertolke se de rol fan 'e ritige Katherine Mayfair, dat fan seizoen 5 ôf ien fan 'e haadrollen waard. Fan 2011 ôf spilet Delany dêrnjonken yn 'e plysjesearje Body of Proof ek de haadrol, as patolooch-anatoom dr. Megan Hunt.

Priveelibben[bewurkje seksje | edit source]

Delany is net troud, hoewol't se yn fraachpetearen ferskillende kearen oanjûn hat dat se wol graach trouwe wolle soe. Se hat har ynset foar in ferskaat oan goede doelen, lykas it bestriden fan 'e sykte sklerodermy (in hûdsykte dy't in ferhurding fan 'e hûd ta gefolch hat); it promoatsjen fan oandacht foar keunst, benammen ûnder bern; en it jaan fan seksuële foarljochting oan minderjierrigen (in gefoelich ûnderwerp yn 'e Feriene Steaten). Teffens stiet se derom bekend dat se inkeld sûn iten ynnime wol.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.