Dan Brown

Ut Wikipedy

Gean nei: navigaasje, sykje
Dan Brown

Dan Brown (berne op 22 juny 1964) is in Amerikaanske skriuwer fan trillers en is foaral ferneamd wurden troch de bestseller “De Da Vinci Koade”.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Syn jeugd

Dan Brown is berne en grut wurden yn Exether yn Nij Hampshire. Hy is de âldste fan trije bern. Syn mem Constanse wie in profesjoneel muzikante en bespile it oargel yn it tsjerke. De heit fan Dan wie Richard G. Brown en wie in learkrêft en joech Wiskunde. Hy hat skoalboeken skreaun.

De bern gienen nei deselde skoalle dêr't syn heit les joech: de Phillips Exeter akademy. It wie in eksklusive kostskoalle. Der waard fan de learkrêften ferwachte dat se op de kampus wenjen gienen. Dêr wie gjin televyzje en de sosjale omjouwing wie kristlik. Dan siet dan ek by it tsjerkkoar, hy gie nei sneisskoalle en gie mei op kamp fan it tsjerke. Foardat se nei de akademy gienen krigen se les op in publike skoalle yn Exeter. Alle trije bern koenen goed leare.

[bewurkje seksje] Skriuwer

Yn 1982 gie hy studearjen oan it Amherst Kolleezje, dêr wie hy studint fan de romanskriuwer Alan Lelchuk. Brown slagge yn 1986, mei de fakken Spaansk en Ingelsk as de haadfakken. Hy woe earst yn de muzyk, hy eksperimintearre my syntesizers. Hy produsearre in berne-album mei de titel “SyntAnimals”. Der binne in pear hûndert fan ferkocht. Hy starte dêrnei mei syn eigen platemaatskippij mei de namme Dalliance en yn 1990 joech hy sels in CD út, in CD foar folwoeksenen. Ek fan dit album ferkocht er in pear hûndert. Hjirnei woe er nei Hollywood ta mei it doel om in sjonger en ferskesskriuwer te wurden. Om in bytsje jild te fertsjinjen gie hy lesjaan oan de BeverlyHills learskoalle.

Hy sleat him oan by in akademy fan lieteskriuwers. Dêr moetet hy Blythe Newlon, syn takomstige frou. Blythe hat him holpen mei syn karriêre yn de muzyk. Mar se hat ek holpen my syn karriêre as skriuwer. Syn earste boeken wienen humoristyske boeken dy 't ûnder in skûlnamme publisearre binne. It skynt ek dat se holpen hat by it boek de 'Delta Desepsje'. Dan Brown betankt har foar kreative ynset.

[bewurkje seksje] Underwizer yn Nij-Ingelân

Yn 1993 giet de famylje Brown werom nei Nij Hampshire. Brown wurdt dêr Ingelske ûnderwizer oan in skoalle. Ek giet hy dêr Spaansk jaan. Brown is dan noch altyd dwaande mei de muzyk. Yn 1994 stelt Brown in album gear mei de titel “Ingelen en Demoanen”. De foarkant fan it album is saneamd makke troch John Langdon. Dizze namme brûkt hy letter ek yn syn roman “Ingelen en demoanen”.

[bewurkje seksje] In nije karriêre

Dan Brown hâldt op mei it ûnderwiis yn 1996, hy wol foltiids skriuwer wurde. Dan giet it hurd mei it útjaan fan de boeken. Yn 1998 wurdt it “Digital Fortress” útjûn. Ek komt der in koartswilich boek fan him út. Dit hat er tegearre skreaun mei syn frou. Yn 2000 wurdt it boek “Angels en demoanen” útjûn. De earste boeken fan Brown ferkeapje net echt hiel goed. Minder as 10.000 ferkochte boeken is normaal. Mar dan skriuwt Dan Brown in klapper fan in boek. De “Da Vinci koade”. Al nei ien wike stiet it boek op in earste plak yn de ferkeaplisten. Yn 2006 binne der wrâldwiid mear as 61 miljoen boeken fan ferkocht. Yn 2005 komt Dan Brown yn de top 100 list foar as ien fan de meast ynfloedrike minsken fan dizze wrâld.

Yn 2006 is de Roman de “Da Vinci Koade” ferfilme. Tom Hanks spilet de haadrol as Robert Langdon. In diel fan de filmmuzyk wurdt troch Dan Brown sels spile.

[bewurkje seksje] Syn wurk

  • SynthAnimals, In berne-album.
  • Perspective, 1990, Dalliance, muzyk CD.
  • Angels and Demons, 1995, Muzyk CD
  • 187 Men to Avoid: Tegearre skreaun my syn frou Blythe Brown . ISBN 0-425-14783-5
  • Digital Fortress, 1998, roman.
  • The Bald Book, 1998, Tegearre skreaun mei syn frou Blythe Brown. ISBN 0-7860-0519-X
  • Angels and Demons, 2000, roman.
  • Deception Point, 2001, roman.
  • The Da Vinci Code, 2003, roman.
  • Musica Animalia (2003), Muzyk CD
  • The Da Vinci Code, Spesjale edysje, 2004, Doubleday. ISBN 0-385-51375-5
  • Angels and Demons, Spesjale edysje, 2005, Atria. ISBN 0-7432-7506-3
  • The Da Vinci Code (film), 2006.
  • The Solomon Key (is plant foar 2008).

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Aspekten/aksjes
Persoanlike ynstellings