Dalanzadgad

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Strjitte Dalanzadgad

Dalanzadgad (Даланзадгад) is de haadstêd fan de provinsje Ömnögovi Aimag yn it suden fan Mongoalje, net fier fan de grins mei Sina. It plak leit 540 km besuden de nasjonale haadstêd Ulaanbaatar op in hichte fan 1.470 meter.

Yn 2006 wennen dêr 14.000 minsken.[1]

Ferfier[bewurkje seksje | edit source]

Fanôf it fleanfjid fan Dalanzadgad binne flechten nei en fan Ulaanbaatar. Der is in aparte simmer- en winter tsjinstregeling. De flechten wurde fersoarge troch MIAT en oare lytsere maatskippijen. Omdat Dalanzadgad oan de grutte dyk nei de Goby leit, komme der ek sjarterflechten foar toeristen út Ulaanbaatar.

Yn 2007 krige it fleanfjild in ferhurde lâningsbaan, de langste fan it lân nei dy fan Dhengiz Khan International Airport. Earder wie der allinne in ûnferhurde baan.

Joerten by Dalanzadgad

Klimaat[bewurkje seksje | edit source]

Dalanzadgad hat in kâld woastynklimaat (Köppen BWk) mei kâlde winters en hjitte simmers.

Stedsbyld[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ministry of Health of Mongolia. National Center for Health Development. Health Indicators 2006 [1]