Dakar

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje


Wiki letter w.svg
Dit artikel is in stobbe oer geografy.
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta.


Dakar
úttsjoch op de haven
úttsjoch op de haven
Sifers
Ynwennertal 1.030.594 (2005)
Oerflak 82.38 km²
Befolkingstichtens 12.510/ km²
Stêdekloft 2.452.656
Hichte 27 m
Polityk
Lân Senegal
Boargemaster Khalifa Sall (2009)
Oar
Stifting 1857
Tiidsône GMT (UTC+0)
Koördinaten
Webside (fr) Offisjeel webstee
De 19 communes d'arrondissement

Dakar is de haadstêd en grutste stêd fan Senegal. It leit op it skiereilân Kaap Verde, it fierst westlike punt fan it fêstelân fan Afrika en fanâlds in gaadlik plak foar de hannel mei Europa en de Amearika. De stêd is útgroeid ta ien fan de meast wichtige havens fan de regio. De stêd leit yn de regio Dakar. Yn Dakar is it parlemint setige en it paleis fan de presidint stiet dêr ek.

Ut de skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Dakar waard stifte troch de Frânsken yn 1857. Yn 1902 waard it de haadstêd fan Frânsk West-Afrika, yn it plak fan Saint-Louis. Fan 1959 oant 1960 wie it de haadstêd fan de Maly Federaasje dy't mar koart bestien hat en dêrnei fan de republyk Senegal.

Fan de 16e oant 19e ieu wie Dakar in wichtich sintrum foar de slavehannel op Amearika. Yn 1444 stiften de Portegezen in delsetting op it eilân Gorée. Likernôch 1536 wie it al in basis foar de eksport fan slaven. Letter sieten de Nederlanners en de Frânsken dêr om beurten. It fort D'Estrees op Gorée, dêr't de slaven fêstsieten, ferhannele en ynskippe waarden, is nei de ûnôfhinklikens fan Senegal restaurearre en is no in museum.