DAW Books

Ut Wikipedy
DAW Books
algemien
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor útjouwerij
haadkertier New York (New York)
oprjochte 1971
oprjochter Donald A. Wollheim
eigner Elizabeth R. Wollheim
Sheila E. Gilbert
offisjele webside
www.dawbooks.com

DAW Books is in Amerikaanske útjouwerij dy't fêstige is yn New York en spesjalisearre is yn 'e publikaasje fan romans, novellen en koarte ferhalen yn 'e sjenres science fiction en fantasy. De útjouwerij waard yn 1971 oprjochte troch útjouwer en redakteur Donald A. Wollheim, fan waans inisjalen de namme ôflaat is en dy't foartiid jierrenlang by Ace Books wurke hie. DAW Books beweart dat it de earste útjouwerij ea is, dy't útslutend science fiction- en fantasyboeken útbrocht hat.

It earste boek dat troch DAW útjûn waard, wie Spell of the Witch World, in bondel koarte ferhalen fan 'e skriuwster Andre Norton, yn 1972. Yn 't earstoan hie de útjouwerij de namme dat der populêre, sij it net altiten mei goede resinsjes ûntfongen boeken publisearre waarden. Nettsjinsteande dat wisten Wollheim en syn frou Elsie, dy't der oan it roer stienen, dochs in ferskaat oan grutte nammen yn 'e science fiction- en fantasysjenres te ferlieden om by DAW te kommen Dêrûnder wiene bygelyks Marion Zimmer Bradley, Jerry Pournelle en Roger Zelazny. Mei Downbelow Station, fan C.J. Cherryh, hie DAW yn 1982 foar it earst in winner fan 'e prestizjeuze Hugo Award yn 'e hûs. Hjoed de dei binne de bekendste troch DAW útjûne auteurs: de noch altiten oerfloedich skriuwende C.J. Cherryh en fierders Julie E. Czerneda, C.S. Friedman, Tanya Huff, Katherine Kerr en Tad Williams.

Tsjin oktober 2010, doe't DAW Books 38 jier bestie, hie it mear as 1.500 titels op 'e merk brocht. De útjouwerij hie in regeling mei de Penguin Group oangeande it mei-inoar dwaan fan 'e distribúsje, en it haadkertier fan DAW wie fêstige yn it Amerikaanske haadkantoar fan Penguin. Lykwols wie DAW Books doe noch in selsstannige útjouwerij, en de doetiidske eigners, Elizabeth R. Wollheim (de dochter fan 'e oprjochter) en Sheila E. Gilbert woene dat ek sa hâlde.[1] Yn july 2022 waard DAW lykwols oernommen troch Astra Publishing en waard it in ymprint fan dy útjouwerij.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Lassen, Jeremy, A View From Corona, 26 july 2003.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.