Düne

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Düne
Helgoland Duene Flugplatz 2.jpg
Basis ynformaasje
Namme Düne
Lân Dútslân
Eilannegroep Helgolân
Ynwenners -
Oerflak 1 km²

Düne is in lyts eilân yn it Dútske diel fan de Noardsee, yn it part dat ek wol de Helgolânske Bocht neamd wurdt. Tegearre mei Helgolân foarmje de eilannen de eilannegroep Helgolân. It eilân leit likernôch 1,5 kilometer eastlik fan Helgolân. Düne is lykas Helgolân part fan de Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. It eilân is sa’n 1,3 kilometer lang en 850 meter breed.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Oant en mei it midden fan de 17e ieu wienen op Düne noch de Wytkliffen dy’t út kalk bestienen oanwêzich. Dizze kliffen binne troch eroazje ferdwûn. Düne wie lange tiid ferbûn mei Helgolân. Troch in grutte stoarmfloed op de nijjiersnacht fan 1721 waarden de dunen fan Helgolân hielendal ôfskuord. It part dat oerbleau waard Düne (Dútsk foar dunen) neamd.

It eilân waard yn de rin fan de tiid hieltyd lytser. Yn 1935 hie it eilân noch in grutte fan likernôch 10 hektare. Yn 1940 waard it eilân troch it Nazi-regear fergrutte ta 40 hektare. Dit wie foar it festigjen fan in militêre basis op it eilân. Der waard ûnder oare in fleanfjild boud dat hjoed de dei noch hieltyd brûkt wurd. Tsjintwurdich is it eilân noch like grut as yn de tiid fan de Twadde Wrâldkriich. Sadwaande is it eilân einliks in keunstmjittich eilân.

In foto fan it fleanfjild Helgolân-Düne op Düne.

Toerisme[bewurkje seksje | edit source]

Düne is in eilân dat in protte toeristen lûkt. Benammen húshâldings mei lytse bern komme faak op it eilân. Dit komt troch de geunstige streaming fan wetter en wyn. Dizze minsken sliepe ûnder oare op de kemping dy’t op it eilân oanwêzich is.

Fan it eilân ôf giet der eltse tsien minuten in boatsje hinne en werom nei Helgolân. De lêste oertocht fan dizze ‘Dünen-Taxi’ fynt om alve oere jûns. Ek is it eilân mei it fleantúch te berikken. As it waar it talit fine der alle dagen flechten plak fan en nei East-Fryslân, Büsum en Bremerhaven.

Natuer[bewurkje seksje | edit source]

Düne makket tegearre mei Helgolân part út fan it natuergebiet Helgoländer Felssockel dat sa’n 5.200 hektare grut is. It strân fan it eastlike part fan Düne bestiet út in stiennestrân. Hjir binne fossilen fan inketfisken, see-ychels en amaniten te finen. Ek komme hjir koloanjes seehûnen foar. Yn it noarden binne, by leechwetter, noch hieltyd inkele resten fan de âlde wytkliffen te sjen.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]