Cothen

Ut Wikipedy
Wapen gemeentte Cothen
Cothen, foaroan de Krûme Ryn
Lizzing fan Cothen
Tsjerke en mûne fan Cothen
Kastiel Rynestein

Cothen is in doarp yn de provinsje Utert. Oant 1996 wie it de lytste gemeente fan dy provinsje; yn dat jier waard it gearfoege mei Wyk by Duurstede en Langbroek ta de gemeente Wyk by Duerstede.

It doarp hat 3.275 ynwenners (2022).[1]

Lizzing en skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Cothen is mei syn lizzing oan de Kromme Ryn fanâlds in skildereftich boeredoarp. By it doarp stiet Kastiel Rynestein. Yn de njoggentjinde iuw foarme dy rivier ek de wichtichste ferbining mei de bûtenwrâld; "Krommerynske skûten" soargen foar frachtferfier tusken it doarpke en de stêd Utert. Om 1900 wie it ynwennertal 745.

In bettere ferbining kaam yn 1885 mei de tramline dy't oant 1932 operasjoneel wie en doe de striid ferlear fan auto- en busferfier.

Nei de oarloch binne der wenwiken byboud. It doarp hie yn 2003 sa'n 2500 ynwenners. Middenyn it doarp leit in grutte hôf mei appel- en parrebeammen. It doarpsoansjen wurdt bepaald troch de smelle tsjerketoer fan de Sint-Petrus en Paulustsjerke, ûntwurpen troch Wolter te Riele, en de stellingnôtmole Oog in 't Zeil. It âlde gedielte fan it doarpjke mei ûnder oare de Brink en de Doarpstrjitte is oanwiisd as beskerme doarpsgesicht.

Foarsjennings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It plak hat in tal sportferrienings, op it gebiet fan gymnastyk, hânbal en darten. Der is ek in fuotbalferiening, SVF Cothen. Fierders binne der yn Cothen in oantal kafees en restaurants, inkele basisskoallenen en der is in moetingssintrum.

Berne[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foto's[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

 
Plakken yn de gemeente Wyk by Duerstede
Flagge fan de gemeente Wyk by Duerstede
Stêd: Wyk by Duerstede
Doarpen : CothenLangbroek