Corto Maltese

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Corto Maltese is de haadpersoan fan de strip mei deselde namme dy't troch de Italiaanske striptekener Hugo Pratt tekene waard en skreaun. It skaaimerk fan de stripferhalen is de sterk útwurke konversaasjes en de mystyk. Tegearre mei de Woastynskorpioenen en de Ethiopiërs wurdt Corto Maltese beskôge as syn ferneamdste wruk.

Yn de ferhalen is Corto de held yn in wrâld dêr't noch net folle fêst leit en ûngewoane dingen fanselssprekkend binne. Corto is anargist mar net revolúsjonêr. Hy is gjin wrâldferbetterder, mar de wrâld akseptearje sa as't is docht er net. Hy is benammen in ienling dy't op eigensinnige wize syn wei siket yn de wrâld dy't yn oarloch is.

Yn Nederlân ferskynde de strip foar it earst yn de santiger jierren by it stripwykblêd Pep. De strip waard ek foarpublisearre yn de tachtiger jierren yn it blêd Wordt vervolgd, om ferfolgens by útjouwerij Casterman yn swart-wyt útjûn te wurden. Yn de njoggentiger jierren waarden de strips fan Corto Maltese op 'e nij yn kleur útjûn.

Albums[bewurkje seksje | edit source]

  • Corto Maltese (1967-92)
  • De Ballade fan de Sâlte see (1967)
  • Yn it teken fan de stienbok (1970)
  • Corto altyd mar fierder
  • De Kelten (1971-1972)
  • De Ethiopiërs (1972-1973)
  • Corte sconta detta Arcana (1974-1975)
  • Fabel van Venetië - Sirat Al-Bunduqiyyah
  • La casa dorata di Samarcanda / La Maison dorée de Samarkand (1980)
  • La Jeunesse de Corto (1981)
  • Tango...y todo a media luz / Tango (1985)
  • Elvetiche / Les Helvétiques (1987)
  • Mu (1988)

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]