Cortina d'Ampezzo

Ut Wikipedy
Cortina d'Ampezzo
Cortina d'Ampezzo
Cortina d'Ampezzo
Polityk
Lân Itaalje
Regio Feneto
Provinsje Belluno
Sifers
Ynwennertal 5954 (2001)
Oerflak 254,51 km²
Befolkingsticht. (23 ynw/km²)
Hichte 1211 m
Oar
Koördinaten

Cortina d'Ampezzo is in plak yn de Italjaanske regio Feneto en yn de provinsje Belluno. It plak leit yn de delling fan de rivier de Boite. Dy berchkom, de Conca di Cortina, wurdt omjûn troch de berchmassiven Cristallo en Tofane.
Cortina d'Ampezzo is it grutste sintrum yn dit part fan de Dolomiten en in renomearre skygebiet. Der wurde regelmjittich grutte skywedstriden organisearre, ûnder oare World Cup-wedstriden.

Yn 1956 waarden yn Cortina d'Ampezzo de Olympyske Winterspullen organiseare. It reedriden fûn lykwols plak yn it 13 kilometer fierderop leine Misurina, hoewol't Cortina d'Ampezzo sels ek in poerbêste iisbaan hat, de Fiames baan.

Cortina d'Ampezzo leit tichteby inkele bekende berchpassen lykas de Falzarego, Valparola, Giau en Tre Croci. Winters bliuwe dy nettsjinsteande de hichte iepen om it plak sa goed mooglik berikber te meitsjen foar toeristen.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Cortina d'Ampezzo
Tofana

Fan de iere midsiuwen is der mar in bytsje bekend. Fan de sechsde iuw ôf namen de Langobarden de macht oer en fan 776 ôf namen de Franken ûnder lieding fan Karel de Grutte de macht oer. It hearde dêrnei ta it Hillige Roomske Ryk. Yn 1420 waard Cortina d'Ampezzo troch Feneetsje ferôvere. Op 21 oktober 1511 wurdt it troch keizer Maksimiliaan I ferôvere en by it greefskip Tirol taheakke. Tusken 1809 en 1813 waard it beset troch de Frânske troepen fan Napoleon. Oant en mei de Earste Wrâldkriich behearde it by Eastenryk. It plak hat in soad te lijen hân ûnder dy kriich. Nei de wapenstilstân fan 4 novimber 1918 waard it troch de Italjaanske leger beset. Neffens it Ferdrach fan Saint-Germain waard de stêd oan Itaalje tabedield. Omdat de Ladiners harren net as Italjanen seagen, waarden hja hurd troffen troch de Italjaanisearringspolityk fan Itaalje. Ampezo waard losmakke fan Súd-Tirol en by de provinsje Belluno taheakke en waard sûnt dy tiid Cortina d'Ampezzo neamd. Yn de stêd waard in grut monumint oprjochte foar de fallen Italjaanske soldaten, mar der mocht gjin monumint komme foar de fallen soldaten út Ampezo sels omdat dy oan Eastenrykske kant fochten hiene. Pas yn 1998, tachtich jier nei de oarloch, kaam der tastimming om in monumint foar de fallen soldaten op te rjochtsen. Nei de ein fan de Twadde Wrâldkriich sleat Cortina d´Ampezzo him by it stribjen fan Súd-Tirol oan om him wer by Eastenryk oan te sluten. Dat hie arrestaasjes ta gefolch. Men woe dêrnei op syn minst wer ûnderdiel wurde fan de provinsje Súd-Tirol. Op 29 oktober 2007 mocht der in referindum hâlden wurde. De útslach wie dat 78% foar oansluting by Súd-Tirol wie. Lykwols laten de protesten fan de provinsjes Belluno en de regio Feneto der ta dat der gjin gehoar oan jûn waard. Wichtichste reden wie dat lêstneamde regio in wrâldbekend toeristeplak ferlieze soe.

Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In part fan de James Bond-film For Your Eyes Only (1981) waard yn dit doarp filme.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]