Cornelis Vermuyden

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Cornelius Vermuyden")
Gean nei: navigaasje, sykje

Cornelis Vermuyden (Sint-Maartensdijk (Tholen) 1590 - Londen, oktober 1677) wie in sieusk wetterboukundige dy't Nederlânske wetterboutechniken yn Ingelân yntrodusearre en in begjin makke mei it droechlizzen fan The Fens yn East Anglia.

Biografy[bewurkje seksje | edit source]

Vermuyden folge in oplieding ta lânmjitter en wurke yn de tiid fan it Tolvejierrich Bestân mei oan it bedykjen yn Sieusk-Flaanderen en op de Bevelannen. Yn 1619 helle syn sweager him oer om nei Ingelân te kommen en hy yntrodusearre him oan it Ingelske hof. Koart skoft letter moast er in trochbrutsen dyk by Dagenham oan de Teems tichtsje en de keninklike tunen by Windsor Castle ûntwetterje. Hy waard ferneamd fan syn wurk yn Hatfield Chase en The Fens. Beide projekten liet er útfiere troch Sieuske en Hollânske arbeiders wat skeel mei de pleatslike befolking joech. Karel I adele him op 6 jannewaris 1629, sûnt is er yn Ingelân ferneamd as "Sir Cornelius Vermuyden".

Cornelis Vermuyden waard 1633 naturalisearre ta Ingelskman. Mei dat in stikmannich projekten finansjeel mislearren krige er skulden en bedarre er yn de finzenis. Hy waard op 15 oktober 1677 beïerdige yn Westminster.

Vermuyden syn wichtichste publikaasje is A Discourse touching the drayning the Great Fennes, lying within the severall counties of Lincolne, Northhampton, Huntington, Norfolke, Suffolke, Cambridge and the Isle of Ely (Londen 1642).

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Nederlânsk

  • J. Korthals-Altes, Polderland in Engeland: de geschiedenis van een Zeeuwsch bedijker uit de gouden eeuw en zijn grootsche Hollandsch-Engelsche onderneming, Den Haag, 1924
  • W.J. Noordhoek, 'Sir Cornelius Vermuyden. Een ondernemende Zeeuw (1590-1677)', in: Zeeuws Tijdschrift 4 (1954) 8-16

Ingelsk

  • J. Korthals-Altes, Sir Cornelius Vermuyden. The lifework of a great Anglo-Dutchman in land-reclamation and drainage..., Londen, 1925
  • L.E. Harris, Vermuyden and the Fens. A study of sir Cornelius Vermuyden and the Great Level, Londen, 1953
  • H.C. Darby, The draining of the Fens, Cambridge, 1968