Cornelius Drebbel

Ut Wikipedy
Cornelis Drebbel (Argyf Alkmaar)

Cornelis Jacobsz. Drebbel (Alkmaar, 1572 - Londen, 7 novimber 1633) wie in Nederlânsk útfiner fan de earste bestjoerbere ûnderseeboat yn 1620. Drebbel hat fierders bydroegen oan de ûntjouwing mjitwittenskip en oare kontrôle systemen, optyk en skiekunde.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Cornelis is, wierskynlik yn 1572, yn Alkmaar berne yn in begoedige famylje; syn âlden wiene Jacob Jansz Dremmel en Hilgont Jans.[1]

Yn 1595 boaske er Sophia Jansdochter Goltz; sy krigen 4 bern. Drebbel wie yn 1600 yn Middelburch dêr't er in fontein boude by de Noarder Poarte. Hy rekke dêr ek yn de kunde mei Hans Lipperhey, brillemakker en teleskoopbouwer en teffens mei syn kollega Zacharias Jansen. Fan harren learde Drebbel linzen te slypjen en it ien en oar oer optyk.

Oan it Ingelske hof[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ein 1604 ferfear er mei syn hûshâlding nei Ingelân. Sy krigen in wente yn Eltham Palace. Dêr demonstrearre er syn perpetuum mobile en klavesimbels dy't op sinne-enerzjy spilen. Itselde jier kaam er oan it hof fan Jacobus I (1566-1625). Drebbel syn feardigens wie men dêr tige fan ûnder de yndruk. Syn apparaten wurken op de wikseling fan temperatuer en luchtdruk en wiene fansels gjin wiere perpetua mobilia yn de natuerkundige sin. Drebbel kaam yn tsjinst fan kroanprins Henry, prins fan Wales en waard ien fan syn leararen.

Oan it Hof fan Keizer Rudolph II yn Praach[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1610 waard Drebbel útnûge oan it hof fan Keizer Rudolf II yn Praach. Nei in demonstraasje fan syn masine krige er de titel fan Opper Alchemist. Hy bleau twa jier yn Praach, mar nei't Rudolph troch syn broer Matthias ôfsetten wie, gie Drebbel mei syn hûshâlding yn 1612 werom nei Londen.

Werom yn Ingelân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Drebbel, dy't it grutste part fan syn lean yn Praach noch barre moast, hie - om 1613 hinne- gjin ynkommen. Mei om't syn patroan prins Henry (1594-1612) hommels ferstoarn wie. Dat Drebbel skreau, hoopjend op in nije patroan of sponsor, in brief oan Kening Jacobus I fan Ingelân. Yn dy brief bea er oan in tal nijsgjirrige dingen te meitsjen, sa as in krêftige teleskoop.[2], in ivichrinnende klok, muzykynstruminten en fonteinen dy't op sinne-enerzjy wurken. Dy brief waard troch Isaac Beeckman yn syn journael kopiearre en is in wichtige boarne fan ynformaasje.[3]

Kontakt mei Constantijn Huygens en Francis Bacon[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Eltham Palace kaam Constantijn Huygens, heit fan Christiaan, regelmjittich op besite. Tusken 1621 en 1624 wie Huygens oan it wurk by de Nederlânske ambassade. Fan Drebbel kocht er in kamera obskura en in mikroskoop.[4] Oer de earste moeting skreau Constantijn Huygens:

Van Drebbel heb ik slechts een glimp mogen opvangen, de geleerde die oogde als een Hollandse boer, maar spreken kon als de wijzen van Samos en Sicilië tezamen.[5]

Letter kaam Huygens faak by Drebbel. Mei troch dat kontakt krige Huygens niget oan optika, in nijsgjirrigens dy't er oerdroech op syn soannen; soan Christiaan hie in boekje fan Drebbel yn besit.

In oare besiker fan Eltham Palace wie Sir Francis Bacon. Hy is de útfiner fan in nije wize fan learen, beskreaun yn syn boek Nova Organon en skriuwer fan it boek Nova Atlantis oer in utopyske maatskippij, dêr't 'tapaste wittenskippen' it libben fan de ynwenners nofliker makke. Yn dat boek komme in protte saken foar dy't troch Drebbel konstruearre waarden, sa as in sinne-enerzjysysteem dêr't Londen mei ferwaarme wurde koe en dêr't men mei itensiede koe, in aaibriedmasine, skjinwetterfoarsjenning, in skip dêr't men mei ûnder wetter farre koe en airconditioning.[6][7]

Utfiner[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Drebbels ûnderseeboat

Drebbel kin ferlike wurde mei immen as Thomas Edison, dy't troch eksperimintearjen in grut tal fernijings yn tal fan saken útfûn.[8][9]

Underseeër[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Drebbels bekendste bousel is de ûnderseeër, dêr't er earst twa prototypen fan boude en teste, op basis fan in ûntwerp fan William Bourne út 1578. De boat wie fan in mei lear bespand houten ramt. Yn 1620 farre tolve man yn it tredde en grutste model sa'n trije oeren ûnder it wetteroerflak fan de Thames, fan de Tower of London nei Greenwich. De boat waard mei 12 riemen oandreaun. Der wurdt sein dat Drebbel in stof ûntwikkele hawwe soe dy't de lucht suverje koe, sadat de bemanning langere tiid ûnder wetter bliuwe koe. Neffens ferslaggen fan tiidgenoaten hie Drebbel in ûnbekende "kwintessens [10] fan lucht" yn flessen oan board nommen, dy't er út en troch iepene om de lucht gaadlik foar it sykheljen te hâlden.[11][12] Wierskylik is dat er soerstof makke hat troch it ferwaarmjen fan natriumnitraat of kaliumnitraat. Uteinlik seach de Britske admiraliteit it net sitten om de boat yn gebrûk te nimmen.

It deiboek fan Isaac Beeckman ferhellet yn 1620 fan dy earste ûnderwetterfeart.

Mikroskoop & Teleskoop[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Drebbel ûntwurp en brûkte ûnder oaren in automatyske linzeslypmasine. Om 1622 hinne waarden syn teleskopen en mikroskopen yn hiel Jeropa ferkocht. Sa die de Frânsman Nicolas-Claude Fabri de Peiresc (1580-1637)[13], wittenskipper en steatsman, en in goekunde fan Galileo Galilei, rûn 1622 de earste waarnimmings mei Drebbels mikroskoop.[14]

Gemy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fierder wie Drebbel dwaande mei de praktyske kant fan de algemy, it distillearjen, sublimearjen en kristallisearjen en hat sa bydroegen oan de ûntjouwing fan de skiekunde. Hy kaam mei in ferbettere kleurstof, karmyn of cochenille, dy't oant fier yn de 19e iuw brûkt waard.

Drebbel syn dochters Anna en Catharina en de skoansoannen Abraham en Johannes Sibertus Kuffeler setten mei dy fining in ferverij op. It resept fan it color Kufflerianus waard geheim hâlden en de fel reade kleur ferovere Jeropa.[15]

Publikaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Wonder-vondt van de eeuwige bewegingh, die Corn. Drebbel door een eeuwigh bewegende gheest, in een cloot besloten, te weghe ghebroght heeft..., 1607 Alkmaar : útjouwer Gerrit Pietersz. Schagen, Regionaal Argyf, Alkmaar[16]
  • Van de natuere der elementen, 1621[17]
  • De Quinta Essentia Tractatus, 1621

Ferneamd[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • In moannekrater (koördinaten 40,9° Z, 49,0° W) hat de namme Drebbel[18]
  • It ynstitút foar megatronika fan de Universiteit Twente is neamd nei Drebbel
  • Cornelis Drebbel 'spilet' ek yn de Nederlânske striprige Gilles de Geus makke troch Hanco Kolk en Peter de Wit. Hy is dêryn in soarte fan healwize útfiner. Fierders komt Drebbel foar yn Starwars, de animaasjefilm Sealab en de film 'de trije Musketiers.
  • Hr. Ms. Cornelis Drebbel is in depotskip by de Nederlânske ûnderseetsjinst
  • Yn it Hermitage fan St. Petersburch hinget yn de Van Dijckseal in portret dat nei alle gedachten Drebbel foarstelt[19]

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Brett McLaughlin, Cornelis Drebbel and the First Submarine (1997)
  • L.E. Harris, The Two Netherlanders, Humphrey Bradley and Cornelis Drebbel (Cambridge, 1961)
  • F.M. Jaeger, Cornelis Drebbel en zijne tijdgenooten, (Grins, 1922)


Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Archief Alkmaar
  2. De conste van verre saecken naerby te sien
  3. Sjoch: Journal tenu par Isaac Beeckman de 1604 à 1634 III, 1627 - 1634 (1635), Appendice II
  4. Constantijn Huygens, Briefwisseling, I, 89, 94
  5. Ofstudearskripsje Jeroen Overmars, 2003
  6. De Clan van de Caus
  7. The New Atlantis
  8. side 93 Life at the Extremes: The Science of Survival By Frances Ashcroft Edition: illustrated Published by University of California Press, 2002 ISBN 0-520-23420-0, 9780520234208
  9. p.162, The body of the artisan: art and experience in the scientific revolution By Pamela H. Smith Edition: illustrated Published by University of Chicago Press, 2004 ISBN 0-226-76399-4, 9780226763996
  10. Kwintessens: bij Aristoteles het 'vijfde element' of 'ether', bij alchemisten het beginsel dat onder meer van andere metalen goud kan maken
  11. John Michael Greer:'The New Encyclopedia of the Occult'
  12. Website van Dutch submarines
  13. Nicolas Claude Fabri de Peiresc
  14. Het journaal van Isaac Beeckman
  15. * A Perfect Red, Amy Butler Greenfield, Harper Collins, 2005, ISBN 0-06-052275-5
  16. Wonder-vondt van de eeuwige bewegingh Cornelis Drebbel, 1607
  17. Een Kort Tractaet van de Natuere der Elementen Cornelis Drebbel, 1621
  18. De Drebbel krater op de Maan
  19. Portret door Antoon van Dijck