Cornelis de Witt

Ut Wikipedy
Cornelis de Witt skildere troch Jan de Baen, Ryksmuseum (Amsterdam)
Stândbyld fan Johan (lofts) en Cornelis de Witt yn Dordrecht
De liken fan de bruorren De Witt, ophongen op it Groene Zoodje oan de Fiverberch te Den Haach, 1672.

Cornelis de Witt (Dordrecht, 15 juny 1623Den Haach, 20 augustus 1672) wie pensjonaris fan Dordrecht en broer fan Johan de Witt. De beide bruorren, soannen fan Jacob de Witt en beide neef fan Andries de Witt, studearren tegearre. Hy stamme út it ferneamde patrysjerslaach De Witt.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Cornelis troude yn 1653 mei Maria van Berckel (1632-1706). It pear krige ien dochter, Wilhelmina de Witt (1671-1702). Sy troude mei har neef (de soan fan Johan de Witt) Johan de Witt Jr. (1662-1701), de sekretaris fan Dordrecht. Cornelis wie fan 1652 oant 1654 lid fan de admiraliteit fan Rotterdam en waard yn 1654 troch de Steaten fan Hollân oansteld as ruwaard fan Putten. Hy wie ek baljuw fan de Beijerlanden. Syn broer Jacob, dy’t as riedspensjonaris in machtich man wie, besoarge Cornelis ferskate wichtige funksjes. Yn 1667 hie er it tafersicht op de tocht nei Chatham yn de Twadde Ingelsk-Nederlânske Kriich.

De pro-Frânske polityk fan de bruorren mislearre doe’t Loadewyk XIV de Republyk oanfoel yn de Hollânske Oarloch. Cornelis gie mei de float mei yn de Slach by Solebay en liet dêr grutte persoanlike moed sjen. Doe’t de Frânske troepen op wei nei it hert fan Hollân wiene, rûkte de Oranjepartij har kâns om it Steatske regear ten fal te bringen. Yn de measte steaten en froedskippen namen se mei geweld de macht oer. Yn augustus 1672 waard Cornelis troch de barbier Willem Tichelaar beskuldige fan it tarieden fan in moardoanslach op prins Willem III. Cornelis waard finzene yn de Finzenepoarte yn Den Haach. Hy kaam op de pinebank en him waarden de skineskroeven oandraaid, mar Cornelis bekende neat. Tsjintwurdich wurdt oannomd date er folslein ûnskuldich wie. Om’t Cornelis in eardere moeting mei Tichelaar ûntkende, waard er fanwege meineed ta ferbanning feroardiele.

Doe’t syn broer Johan him deis fan de útspraak út de finzenis helje soe, dêrhinne lokke troch in ferfalske brief dy’t fan syn broer wêze soe, waarden beide troch in kloft minsken dy’t dwers troch alles hinne wie, de dyk op sleept. Sy wiene ophise troch in groep Oranjeklanten om Johan Kievit hinne. Johan waard fuortendaliks ôfmakke mei in nekskot. Cornelis waard delslein, delstutsen en syn liif iepensniën en op’e kop ophongen. Doe’t er syn holle noch efkes optilde, waard him de harsens ynslein. Der wie ien oanfaller dy’t besocht de pyst fan it neakene lyk te biten. Doe’t dat net slagge waard er ûntmanne mei in knyft. Hy naam it geslachtsdiel yn de mûle, joech it doe oan in oar, dy’t it opiet. Ek oaren snijden stikken fleis út it lyk en der waard ek fan iten. Dêrnei kaam luitenant-admiraal Cornelis Tromp, de man dy’t de wink ta de oanfal jûn hie en sweager fan Kievit, om it resultaat op te nimmen. Genôch wie it net, de herten waarden út de lichems skuort en dy binne noch jierren útstald west om de bruorren de gek oan te strekken.

De beul dy’t Cornelis tramtearre hie krige spyt doe’t er op syn stjerbêd lei en hat Cornelis syn widdo frege him te ferjaan.

De moard op de bruorren de Witt waard letter as ien fan de meast beskamsume foarfallen yn de Nederlânske skiednis beskôge.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De Ware Vrijheid, De levens van Johan en Cornelis de Witt (troch Luc Panhuysen, Atlas, 2005)

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]