Cornelis de Man
Ut Wikipedy
De traansiederij fan de Amsterdamske keamer fan de Noordsche Compagnie op Smerenburg. 1639. Amsterdam, Ryksmuseum Amsterdam.
Cornelis de Man (Delft, 1 july 1621 – dêre, 1 septimber 1706) wie in Nederlânsk keunstskilder dy't ta de Hollânske Skoalle hearde.
De Man wie warber yn Delft. Hy makke yn 1639 in skilderij fan it walfiskstasjon op Spitsbergen neffens in Deensk orzjineel. Hy bylde der allerhanne aspekten fan it libben yn it poalgebiet op ôf. Hy wie dêr sels lykwols noait west. Dit soarte gearstalde skilderijen, dy't ek wol atelierstikken neamd wurde, komme faak foar yn de 17e ieu.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
| Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Cornelis de Man en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten. |