Cornelis Reisma
Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Cor Reisma")
Cornelis (Cor) Reisma ( Stienwyk, 9 desimber 1902 - 1962) wie in Fryske skilder, yllustrator en glêzenier út Ljouwert.
Reisma krige syn oplieding oan de Ryks Akademy foar Byldzjende Keunsten yn Amsterdam en de Akademy fan Antwerpen. Hy wie yn it earstoan in frij tradysjonele realist en dêrnei in jier of wat fynskilder. Nei 1938 krijt syn wurk in wat gruttere toets en in rike kleur. Der is bytiden in ekspresjonistysk aksint, en noch letter hast abstrakt.
Syn wurk bestiet út lânskippen, stillibbens en portretten. Ek wandskilderingen, brânskildere ramen en mozaïken hearre ta syn wurken. In stillibben mei stienen kruken in tinnen skaal jirpels út 1943 is oankocht troch de Friesland Bank.
Inkele wurken [bewurkje seksje]
- 1950 skilderij fan keninginne Juliana foar it Provinsjehûs fan Fryslân
- 1952 brânskildere ramen foar it stedhûs fan Boalsert
- 1953 skilderijen fan keninginne Juliana foar it stedhûs fan Frjentsjer en Crackstate op It Hearrenfean
- 1954 mozayk foar de PZEM-sintrale yn Vlissingen
- 1957 brânskildere ramen foar de Grutte of Jakobinertsjerke
- 1962 mozayk foar it Krematoarium Grins
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|