Cor Boonstra

Ut Wikipedy
Cor Boonstra (1986)

Cor Boonstra (Ljouwert, 7 jannewaris 1938) is in eardere Nederlânske bestjoerder, ûndernimmer en topfunksjonaris.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boonstra wie soan fan in molkboer út in reade folksbuert yn Ljouwert. Mei syn heit stapte Cor út de PvdA doe't dy ûnder Den Uyl en Nieuw Links te links fûn waard. Doe't er sechtjin jier wie stoppe hy mei syn stúdzje oan de HBS doe't er fan skoalle stjoerd wie. Om syn eagen waard er net talitten ta se seefeartskoalle en meunstere oan as matroas op de feart nei de West. Letter kaam er yn tsjinst by Unilever, dêr't hy ûnder mear wurke oan de omfoarming fan it Unileverûnderdiel de Zuivere Handel Maatschappij ta SRV. Yn 1974 stapte hy oer nei Sara Lee, dêr't hy úteinlik foarsitter fan de ried fan bestjoer waard.

Op âldjiersdei yn 1993 stapte hy op by Sara Lee. Begjin 1994 waard hy troch destiidsk Philips topman Jan Timmer nei de ried fan bestjoer fan Philips N.V. helle om ûnder mear in nije ympuls te jaan oan de merknamme Philips. Boonstra wie ferantwurdlik foar de Let's make things better-kampanje. Twa jier nei syn yntsjinstreding by Philips waard Boonstra de opfolger fan Timmer as bestjoersfoarsitter. Hy wie bestjoersfoarsitter oant 2001. Hy waard opfolge troch Gerard Kleisterlee. Under lieding fan Boonstra ferfiiffâldige de beurswearde van Philips. Boppedat ferhuze it haadkantoar fan Philips ûnder syn bewâld fan Eindhoven nei Amsterdam en waarden ûnderdielen as BSO/Origin en PolyGram ferkocht. Yn 2000 waard Boonstra keazen ta Topman fan it Jier.

Persoanlik[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Cor Boonstra wie troud mei Hansje Boonstra-Raatjes. Yn 1998 oerlibbe hja amper in ûntfiering. Boonstra hie doe al in ferhâlding mei Sylvia Tóth. Inkele jierren letter kaam Boonstra yn opspraak omdat hy yn it jier 2000 hûnderttûzenen euro’s fertsjinne hie mei de hannel yn oandielen Endemol, dêr't Sylvia Tóth lid fan de ried fan kommissarissen wie, flak foardat de oername fan Endemol troch it Spaanske Telefónica bekend makke waard. Inkele moannen letter waard Cor Boonstra ek beskuldige fan it net melden fan hannel yn oandielen Ahold, dêr't hy sels kommissaris wie. Cor Boonstra waard oanklage foar hannel mei foarkennis. Foar de hannel yn Ahold waard hy feroardield ta in boete fan 135.000 euro, foar de hannel yn oandielen Endemol waard hy frijsprutsen. It Iepenbier Ministearje gie tsjin de útspraak yn heger berop. Foar it heger berop kaam it Iepenbier Ministearje mei nij bewiismateriaal. Op freed 19 novimber 2004 begûn it heger berop. Wer wie Cor Boonstra net by de sitting oanwêzich, dit ta argewaasje fan de rjochters. Op 10 desimber waard Cor Boonstra opnij frijsprutsen fan hannel mei foarkennis troch gebrek oan bewiis. It fermogen fan Cor Boonstra wurdt neffens it tydskrift Quote rûsd op 90 miljoen euro.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: