Confédération Européenne de Volleyball

Ut Wikipedy

De Confédération Européenne de Volleyball (CEV) is it kontinintale bestjoersorgaan foar de sport follybal yn Jeropa. It haadkantoar fan de CEV is yn Lúskemboarch.

Profyl[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't de CEV pas oprjochte waard op 21 oktober 1963, wie it follybal al jierren dêrfoar tige populêr yn Jeropa. By it kongres fan 1947, dêr't de FIVB oprjochte waard, kaam de mearderheid fan de lannen út Jeropa. Nei de oprjochting fan de FIVB waarden rûnom yn Jeropa nasjonale follybalbûnen oprjochte, lykas yn Nederlân de NeVeBo dy't oprjochte waard op 6 septimber 1947 yn Amsterdam.

Follybal is útfûn yn de Feriene Steaten, mar yn it begjin wie it fral yn populêre sport yn East-Jeropa, nei't it yntrodusearre wie troch Amerikaanske soldaten ûnder de Earste Wrâldkriich. Yn de midden fan de iuw hie it follybal him al fierder ferspraat oer Jeropa. In protte technyken en taktyken binne dan ek yntrodusearre troch ferskate Jeropeeske lannen, it blokken waard bygelyks yntrodusearre troch Tsjechoslowakije yn 1938.

De lange en wichtige tradysje fan de sport yn Jeropa hat der ûnder mear soarge foar de struktuer dy't de CEV no hat, de CEV konkurrearret dêryn mei de FIVB yn omfang en folsleinens. It bûn is dan ek it grutste bûn dat de wrâld hat, ek organisearret it bûn it grutst tal jierlikse wedstriden en toernoaien. Mei yngong fan 2005 is it haadkantoar fêstige yn de stêd Lúksemboarch. De presidint fan it bûn is André Meyer.

De CEV organisearret ferskate toernoaien: foar it sealfollybal ûnder oare it Europeesk Kampioenskip, dêr't de earste edysje yn 1948 fan wie, de CEV Cup en de European League. Foar it strânfollybal wurdt troch de CEV it Europeesk kampioenskip organisearre. Fierder organisearret de CEV ek de kwalifikaasjewedstriden foar it Wrâldkampioenskip en de Olympyske Spullen. Ek wurde der ynternasjonale wedstriden organisearre mei oare oansletten follybalbûnen.

Lannen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jeropa wurdt beskôge as it sterkste kontinint op it mêd fan it follybal. De CEV hat meastentiids mear plakken reservearre by ynternasjonale wedstriden as oare kontinintale bûnen.

Ruslân hat nei alle gedachten it meast stabile follybal program, dêr't sawol de manlju as de froulju stimulearre wurde om it heechste nivo te heljen. Itselde kin ek fan Itaalje sein wurde, hoewol't it follybal foar froulju dêr pas letter folslein ûntwikkele wie.

Servje, Poalen, Itaalje en Nederlân meie ek rekkene wurde as kontinitale krêften foar it manljusfollybal. Op in leger nivo spilje ûnder oare lannen as Bulgarije en Frankryk. Wer in nivo leger binne der lannen as Dútslân, Spanje, Grikelân en miskien ek Portegal, dy't noch wol de mooglikheid hawwe om in sterke ploech op te bouwen.

By it follybal by de froulju is de konkurrinsje wat minder, lannen as Ruslân, Servje en Itaalje wurde hast net bedrige troch oare lannen. Nêst dy trije kin Dútslân, dy't spilers helle hat út sawol West-Dútslân as East-Dútslân, sjoen wurde as in tradisjoneel Europeesk follyballân. Ek kin der rekken hâlden wurde mei lannen as Nederlân en Roemeenje en mear resintlik Poalen en Bulgarije. Dy lannen hawwe faak wat wikseljende resultaten en binne faak ôfhinklik fan yndividuele kwaliteiten fan spilers.

Oansletten follybalbûnen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2007 wiene de folgjende bûnen oansletten by de CEV:

Koade Lân Bûn
ALB Flagge fan Albaanje  ALB Albanian Federation of Volleyball
AND Flagge fan Andorra  AND Federació Andorrana de Voleibol
ARM Flagge fan Armeenje ARM Fédération de Volleyball de la République d'Armenie
AUT Flagge fan Eastenryk AUT Österreichischer Volleyball Verband
AZE Flagge fan Azerbeidzjan AZE Azərbaycan Voleybol Federasiyası
BLR Flagge fan Wyt-Ruslân BLR Bielorusskaia Federatsija Volejbola
BEL Flagge fan Belgje BEL Fédération Royale Belge de Volleyball
BIH Flagge fan Bosnje & Herzegovina  BIH Odbojkaški savez Bosne i Hercegovine
BUL Flagge fan Bulgarije BUL Bulgarska Federatsiya Volejbol
CRO Flagge fan Kroaasje CRO Hrvatski odbojkaški savez
CYP Flagge fan Syprus CYP Kypriaki Omospondia Petosfairisis
CZE Flagge fan Tsjechje CZE Český Volejbalový Svaz
DEN Flagge fan Denemark DEN Dansk Volleyball Forbund
ENG ENG Volleyball England
ESP Flagge fan Spanje ESP Real Federación Española de Voleibol
EST Flagge fan Estlân EST Eesti Võrkpalli Liit
FER Flagge fan Faeröer  FRO Flogbóltssamband Føroya
FIN Flagge fan Finlân FIN Suomen Lentopalloliitto F. Y.
FRA Flagge fan Frankryk FRA Fédération Française de Volleyball
GEO Flagge fan Geörgje GEO Georgian Volleyball Federation
GER Flagge fan Dútslân GER Deutscher Volleyball Verband
GIB GIB Gibraltar Volleyball Association
GRE Flagge fan Grikelân GRE Elliniki Omospondia Petosferiseos
GRL GRL Kalaallit Nunaanni Volleyballertartut Kattuffiat
HUN Flagge fan Hongarije HUN Magyar Röplabda Szövetség
IRL Flagge fan Ierlân IRL Volleyball Association of Ireland
ISL Flagge fan Yslân  ISL Blaksamband Íslands
ISR Flagge fan Israel  ISR Igud HaKadur'af BeIsrael
ITA Flagge fan Itaalje ITA Federazione Italiana Pallavolo
LAT Flagge fan Letlân LAT Latvijas Volejbola Federâcija
LIE Flagge fan Lychtenstein LIE Liechtensteiner Volleyball Verband
LTU Flagge fan Litouwen LTU Lithuanian Volleyball Federation
LUX Flagge fan Lúksemboarch LUX Fédération Luxembourgeoise de Volleyball
MKD Flagge fan Noard-Masedoanje MKD Odbojkarska Federacija na Makedonija
MLD Flagge fan Moldaavje MDA Fédération de Volleyball de la République de Moldavie
MLT Flagge fan Malta MLT Malta Volleyball Association
MON Flagge fan Monako MON Fédération Monégasque de Volleyball
MNE Flagge fan Montenegro MNE Odbojkaški savez Crne Gore
NED Flagge fan Nederlân NED Nederlandse Volleybal Bond
NIR NIR Northern Ireland Volleyball Association
NOR Flagge fan Noarwegen NOR Norges Volleyballforbund
POL Flagge fan Poalen POL Polski Związek Piłki Siatkowej
POR Flagge fan Portegal POR Federação Portuguesa de Voleibol
ROM Flagge fan Roemeenje ROU Federaţia Română de Volei
RUS Flagge fan Ruslân RUS Vserossijskaya Federatsiya Volejbola
SRB Flagge fan Servje SRB Odbojkaški savez Srbije
SCO Flagge fan Skotlân SCO Scottish Volleyball Association
SLO Flagge fan Sloveenje SLO Odbojkarska Zveza Slovenije
SMR Flagge fan San Marino SMR Federazione Sammarinese Pallavolo
SVK Flagge fan Slowakije SVK Slovenská Volejbalová Federácia
SUI Flagge fan Switserlân   SUI Swiss Volley
SWE Flagge fan Sweden SWE Svenska Volleybollförbundet
TUR Flagge fan Turkije TUR Türkiye Voleybol Federasyonu
UKR Flagge fan Oekraïne UKR Ukrainian Volleyball Federation
WAL WAL Welsh Volleyball Association

Nasjonale kompetysjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Klup kompetysjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]