Colin Dexter

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Norman Colin Dexter (Stamford, Lincolnshire, Feriene Keninkryk 29 septimber 1930) is in Ingelsk misdiedskriuwer, bekend fan Inspector Morse. Dexter skreau de rige yn it tiidrek 1976-1999. Tusken 1987-2000 ferskynde de televyzjebewurking.

Wilens is er ek as skriuwer belutsen by de nije televyzjerige Lewis.

De televyzjerige Inspector Morse hat 33 ôfleveringen. Yn de measte ôfleverings hat Dexter in cameo-optreden, in byroltsje. De muzyk fan de searje, komponearre troch Barrington Pheloung, hat in motyf basearre op de morsekoade foar M.O.R.S.E. (-- --- ·-· ··· ·)

Dexter siet yn it ûnderwiis, mar moast dêr fanwege tanimmende dôvens mei ophâlde. Dêrnei waard er Senior Assistant Secretary oan de Universiteit fan Oxford Delegacy of Local Examinations – in baan dy't er oan syn pinsjoen yn 1988 hâlde soe.
Hy sette útein mei it skriuwen fan mysteryferhalen yn 1973 op in fakânsje yn Wales. Dêr skreau er de earste paragrafen fan in potinsjeel detectiveferhaal mei de titel Last Bus to Woodstock, dat yn 1975 publisearre waard en it personaazje en de wrâld fan Inspector Morse yntrodusearre, in sinnige plysje-ynspekteur mei in kontroversjele wize fan wurkjen en grut leafhawwer foar klassike muzyk en krúswurdriedsels.

Bibliografy[bewurkje seksje | edit source]

  • 1975 - Last Bus to Woodstock
  • 1976 - Last Seen Wearing
  • 1977 - The Silent World of Nicolas Quinn
  • 1979 - Service of All the Dead
  • 1981 - The Dead of Jericho
  • 1983 - The Riddle of the Third Mile
  • 1986 - The Secret of Annexe 3
  • 1989 - The Wench is Dead
  • 1991 - The Jewel That Was Ours
  • 1992 - The Way Trough the Woods
  • 1994 - The Daughters of Cain
  • 1996 - Death is Now My Neighbour
  • 1999 - The Remorseful Day

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]