Coldstream

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Coldstream
Cauldstream
De Tweed by Coldstream
De Tweed by Coldstream
Sifers
Ynwennertal 2.050 (2006)
Polityk
Lân Feriene Keninkryk
Steat Skotlân
Oar
Webside Offisjele webside Coldstream

Coldstream (Skotsk-Gaelysk: An t-Alltan Fuar) is in lytse stêd yn it Borders distrikt fan Skotlân. It leit oan de noardouwer fan de rivier de Tweed yn Berwickshire, Northumberland yn Ingelân begjint op de súdigge. Coldstream wie earder in burgh (frije stêd) en is de thúsbasis fan de Coldstream Guards, in yn 1650 oprjochte rezjymint yn it Britske leger. Coldstream is ek it plak dêr't Edward I fan Ingelân syn ynvaazje fan Skotlân begûn yn 1296.

Yn de 18e en 19e ieu wie Coldstream populêr by lju dy't stiekum trouwe woenen, út reden fan syn lizzing oan de grutte dyk, lykas ek it plak Gretna Green. It besjen wurdich binne it tolhûs, dêr't houliken sletten wurde, en 'The Hirsel', it foarâlderlik hûs fan de Greven fan Home.

Henderson Park hat in goed útsjoch oer de rivier en it 'Nonnepaadsje'("Nun's Walk") rint deun neist it wetter.

Ferskaat[bewurkje seksje | edit source]

De mars by ôftiteling fan eltse ôflevering fan de Ingelske televyzjerige Dad's Army wurdt spile troch de Band fan de Coldstream Guards.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]