Claudia Schiffer

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Schiffer yn Cannes, 2007
Claudia Schiffer yn 2009

Claudia Schiffer (Rheinberg, 25 augustus 1970) is in Dúts fotomodel en aktrise (út en troch), dy't yn it nachtlibben fan Düsseldorf yn 1987 ûntdekt waard. Net al te lang dêrnei ferskynde hja yn Elle magazine en gie se modellearjen foar Chanel. Schiffer is ien fan de súksefolste modellen yn de wrâld: sy hat op it omslach fan goed 500 blêden stien. Har fermogen wurdt troch Forbes op sa'n $55 miljoen rûsd.

Se hat lang in relaasje hân mei yllúsjonist David Copperfield hân, wat net op in houlik útrûn. Wol troude ze op 25 maaie 2002 mei Matthew de Vere Drummond, better bekend as Matthew Vaughn. Se hawwe trije bern, ien soan en twa 2 dochters. Se is ek te sjen yn de fideoclip fan Westlife (Uptown Girl).

Filmography[bewurkje seksje | edit source]

Jier Film Rol Oantekeningen
1994 Ri¢hie Ri¢h Harsels as aerobics ynstrukteur
1994 Prêt-à-Porter Harsels Amerikaanske titel Ready to Wear
1996 Perfectly Fit gjin Fitnessprogramma troch Claudia Schiffer
1997 The Blackout Susan
1999 Desperate But Not Serious Gigi USA DVD titel Reckless + Wild
1999 Friends & Lovers Carla
1999 Black and White Greta
1999 Fart Party Susie
2000 Meeting Genevieve Genevieve
2000 Chain Of Fools Harsels
2001 In Pursuit Catherine Wells USA DVD titel Rules of the Game
2001 Zoolander Herself
2002 666 - Traue keinem, mit dem Du schläfst! Harsels Ingelske titel 666: In Bed with the Devil
2002 Life Without Dick Mary
2003 Love Actually Carol

Yn dokumintêres[bewurkje seksje | edit source]