Claude Bernard

Ut Wikipedy
Claude Bernard

Claude Bernard (Saint-Julien, 12 july 1813 - Parys, 10 febrewaris 1878) wie in Frânsk fysiolooch, dy't wichtige feiten fêststelde oangeande de funksjes fan it minsklik lichem, lykas de sintrale regeling fan it stofwikselingsproses en de sûkerfoarming yn de lever.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bernard waard berne yn 'e omkriten fan Saint-Julien, yn it departemint Rône; hy wie de soan fan Pierre François Bernard (wynboer en út en troch ûnderwizer) en Jeanne Saulnier. Bernard gie nei in jezuïeteskoalle yn Villefranche-sur-Saône en dêrnei nei it Collège de Thoissey. Doe't er 18 wie, waard er learling-apteker omdat syn âlden syn stúdzje net betelje koene.

Neidat Bernard syn bakkalaureaat behelle, meldde er him oan by de universiteit fan Parys foar de stúdzje genêskunde. Hy studearre yn 1843 ôf, mar hat nea in praktyk as arts hân.

Fysiology[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hy waard assistint by de fysiolooch en neurolooch François Magendie (1773-1855), waard in spesjalist yn it ûntleedzjen en ûndersocht it spiisfertarringsproses en de wurking fan it senuwstelsel. Yn 1848 liet er it belang fan de pankreas en de tinne term foar de spiisfertarring sjen.

Ek wat it senuwstelsel oanbelanget die Bernard wichtige ûntdekkingen, wêrûnder in beskriuwing fan de gehoarsenuw.

Yn 1867 ûntfong er it Légion d'Honneur en yn 1869 waard er talitten ta de Académie Française. Yn 1876 krige er de Copley Medal.

Doe't er stoar krige er as earste Frânske wittenskipper in steatsbegraffenis. Hy leit begroeven op Cimetière du Père-Lachaise.

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1855, Lecons de physiologie expérimentale appliquée à la medicine (twa dielen - 1855 & 1856)
  • 1865, Introduction à l'étude de la medicine experimentale

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]