Claire Goll

Ut Wikipedy
Claire Goll tekene troch Adolf Hoffmeister (1959)

Claire Goll (berne as Clara Aischmann) (Neurenberch, 29 oktober 1890Parys, 30 maaie 1977) wie in Dútsk-Frânsk sjoernaliste en skriuwster; sy wie de oare helte fan dichter Yvan Goll.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It grêf fan Yvan- en Claire Goll op Père-Lachaise.

Yn 1911 troude Clara Aischmann mei de lettere útjouwer Heinrich Studer; it pear gong nei Leipzig en krige in dochter, Dorothea Elisabeth. Nei har skieding emigrearre hja yn 1916 nei Switserlân, studearre dêr oan de Universiteit fan Sjenêve en gie dêr by de fredesbeweging. Yn dy snuorje sette hja ek út ein mei har sjoernalistike wurk en krige se kunde oan de dichter Yvan Goll. Yn 1918 hie se in ferhâlding mei Rainer Maria Rilke, mei wa't hja oant de ein fan syn libben befreone bleau.

Yn 1921 boaske Claire oan Yvan Goll; sy setten har nei wenjen yn Parys. Dêr sette se út ein mei it skriuwen fan romans, ferhalen en gedichten. Ek publisearre se yn de jierren tweintich tegearre mei har man in stikmannich dichtbondels (Poèmes d'amour, Poèmes de la jalousie en Poèmes de la vie et de la mort).

Claire en Yvan Goll wiene Joadsk, dat sy flechten by it begjin fan de Twadde Wrâldkriich yn 1939 nei New York, om yn 1947 werom te kommen yn Parys, dêr't Yvan yn 1950 stoar. Nei dy syn dea wijde Claire Goll har oan syn literêre erfskip en skreau se in tal autobiografyske wurken dêr't in protte oer te dwaan west hat (yn Nederlân ferskynde har autobiografy Alles is ijdelheid yn de rige Privé-domein fan de Arbeiderspers).

Oan de ein fan har libben feroarsake Claire Goll opskuor troch de Roemeenske dichter Paul Celan te beskuldigjen it plagiearjen fan Yvan Goll (de “Goll-affêre”), oantigings dy't se lykwols nea bewiisd hawwe kind.

Goll stoar yn 1977 en waard beïerdige op it begraafplak Père Lachaise yn Parys; op har grêfstien stiet in tekening fan Marc Chagall.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]