Cisca Dresselhuys

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Francisca Wilhelmina (Cisca) Dresselhuys (Ljouwert, 21 april 1943) wie fan 1 novimber 1981 oant 1 april 2008 (oant har pensjoen) haadredaktrise fan Opzij, in feministysk moanneblêd. Har sjoernalistike karriêre begûn by it deiblêd Trouw.

Dresselhuys groeide op as neikommerke mei in âldere broer en twa âldere susters, wêrfan de jongste njoggen wie doe't se berne waard. Op har alfde ferlear se har heit.

Op 11 juny 2001 krige se de Anne Vondelingpriis. Dy priis waard útrikt foar har publikaasjes yn it jier 2000. De priis bestie út in jildbedrach fan 5000 gûne en in byld fan Anne Vondeling. Op 8 desimber 2008 krige Cisca Dresselhuys op it Tydskriftegala de Mercur d'Or/LOF Priis (Lucas-Ooms Fûns). Dy priis is in oeuvrepriis, wêrby sjoen wurdt nei bysûndere fertsjinsten of betsjutting foar it tydskriftefak oer in langere perioade. Oan de Mercur d'Or/LOF Priis foar Publykstydskriften is in bedrach fan €10.000 ferbûn, te besteden oan in inisjatyf ten geunste fan it tydskriftenfak. De winner bepaalt wêroan.

Op 1 maart 2011 kaam fan har it boek "Drukker dan ooit" út (ISBN 9789089751577), wêryn ynterviews mei ferskillende bekende wurkjende 65-plussers steane en wêryn't se ek mei Dick Swaab (bekend fan it boek "Wij zijn ons brein") praat oer de fysike foardielen fan trochwurkjen nei it 65e jier en mei Douwe Draaisma (fan ûnder oare "Het Vergeetboek") oer de psychologyske mearwearde fan langer trochwurkje.

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • Piet Hagen: Journalisten in Nederland. Een Persgeschiedenis in portretten. Utjouwerij De Arbeiderspers, Amsterdam / Antwerpen 2002. ISBN 90-295-2222-4
  • Co Welgraven: Typisch Trouw, een autobiografie van de redactie. Trouw, Amsterdam 2002. ISBN 90-70675-65-X