Cyprianus Crans

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Ciprianus Crans)

Cyprianus Jans. Crans, ek wol skreaun as Ciprianus Crans, (Amsterdam, 1703 - dêre, maaie 1755) wie in bekend Nederlânsk brûnsjitter út de 18e iuw.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hy wie in soan fan klokkejitter Jan Crans (1670-?) en Jannetje Frans Schulp út Amsterdam. Hy ferhuze yn 1713 mei syn âlden nei Inkhuzen, dêr't er yn 1725 de klokkejitterij fan syn heit Jan Crans fuortsette doe't dy nei De Haach ferfear.

Inkhuzen hie lange jierren in klokke- en kanonnejitterij dy't yn 1613 stichte waard. Dêr hawwe ferneamde klokkejitters arbeide, lykas Hendrick Wegewaert.[1] Cyprianus Crans wurke dêr fan 1724 oant 1734, mar waard bekend fan syn wurk yn syn Amsterdamske tiid. Hy hiert dêre om 1734 hinne de jitterij fan Jan Albert de Grave en is fan 1734 oant syn dea yn 1755 haad fan de stedsklok- en geskutsjitterij oan de Baangracht. Yn 1740 boaske er dêr mei Sophia Cornelia van der Heuvel.

Der binne 17 wurken fan him bekend út de Inkhuzer tiid en 48 wurken út de jitterij yn Amsterdam. Oeral yn it lân hingje syn klokken, yn Fryslân doedestiids ûnder oaren yn Ketlik (1752) en Sint Jabik (opskrift: 'ME FECIT CIPRIANUS CRANS JANSZ, AMSTELODAMI ANNO 1754'). Beide binne yn de Twadde Wrâldoarloch troch de Dútsers fuorthelle. Hjoededei hingje klokken fan him yn ûnder mear Minnertsgea en Nijhuzum. Yn it "Curaçaos Museum" op Curaçao hinget in troch him yn 1748 getten brûnzen 'slavebel' dy't op de plantaazje "Santa Cruz" hongen hat.

Cyprianus Crans wie ek diaken (1728) en fâd fan it weeshuis yn Inkhuzen (1732-1735). Letter yn Amsterdam waard er kaptein fan de skutterij yn 54e wyk.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. De Speelwagen, Nû. 7 » s. 208-215