Christine Lagarde

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Christine Lagarde

Christine Madeleine Odette Lagarde (Parys, 1 jannewaris 1956), is in Frâns politika fan de UMP en eardere abbekaat en sakefrou.

Foar har politike karriêre wie sy oan it wurk as abbekaat by Baker & McKenzie. Sy wie minister van Bûtenlânske Hannel fan 2005 oant 2007 en minister fan Lânbou en Fiskerij fan maaie oant juny 2007. Sûnt wie se yn it twadde kabinet-Fillon minister fan Ekonomyske Saken en letter yn it tredde kabinet-Fillon wer. Sy wie de earste frou yn G8-lân dy't dy funksje beklaaide.

July 2000 waard se mei de légion d'honneur ûnderskieden. Yn 2009 waard sy ta de froulju mei de measte ynfloed fan de wrâld rekkene.

Biografy[bewurkje seksje | edit source]

Lagarde waard berne as Christine Lallouette yn it IXe arrondissemint as dochter fan Robert Lallouette, in universitêr dosint — dy't stoar doe't sy santjin wie — en leararesse Nicole. Se hat trije jongere broers.[1] As tsiener beoefene se it synchroanswimmen en kaam yn it Frânske nasjonale team.[2]

Sy gie nei skoalle yn Le Havre en Bethesda en roan staazje yn it Kapitool, as assistint fan William Cohen.[3] Yn Parys foltôge sy har rjochtestúdzje en sy helle boppedat in masterdiploma oan it Institut d'études politiques d'Aix-en-Provence. Neidat sy yn Parys talitten wie as abbekaat, kaam sy yn 1981 by it ynternasjonale advokatekantoar Baker & McKenzie. Lagarde spesjalisearre har yn it arbeids- en meidingingsrjocht en 'Mergers & Acquisitions'. Yn 1999 waard hja yn Chicago as earste frou beneamd ta bestjoersfoarsitter fan it kantoar.[2]

Politike wurkpaad[bewurkje seksje | edit source]

Yn 2005 wie har kontrakt by Baker & McKenzie dien. Dominique de Villepin frege har doe foar de posysje fan ôffurdige minister fan Bûtenlânske Hannel. Lagarda har winsk wie om de Frânske arbeidswetjouwing nei it Angelsaksysk model te herfoarmjen en te liberalisearjen. Yn dy perioade die se mei oan de ûnderhannelingen mei de Wrâldsûnensorganisaasje. [3]

In moannelang wie sy minister fan Lânbou yn mei 2007, oant sy Jean-Louis Borloo opfolge as minister fan Ekonomyske Saken.

Op 28 juny 2011 waard Lagarde as earste frou beneamd ta direkteur fan it Ynternasjonaal Monetêr Fûns (YMF), dêr't sy Dominique Strauss-Kahn ferfong. Sy is foar fiif jier beneamd.[4]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. (in) Lagarde profile: An alternative to the conventional politician, troch John Lichfield yn The Independent, 20 maaie 2011. Rieplachte op 20 maaie 2011.
  2. 2,0 2,1 (in) Christine Lagarde: There should never be too much testosterone in one room, The Independent, 7 febrewaris 2011. Rieplachte op 21 maaie 2011.
  3. 3,0 3,1 (fr) Christine Lagarde, portrait de la première femme ministre de l’'économie, Politique.net, 27 maart 2008. Rieplachte op 21 maaie 2011.
  4. (in) Rushe, Dominic (28 juni 2011). "Christine Lagarde named IMF head". Guardian. Rieplachte 28 juny 2011.