Christiaan van der Klaauw
Christiaan van der Klaauw is in Nederlânsk horloazjemerk spesjalisearre y it meitsjen fan technysk avansearre lúkse horloazjes.
De Fryske oerwurktechnikus Christiaan van der Klaauw begûn op It Hearrenfean met in atelier wêryn't hy antike klokken reparearde. Fan 1974 ôf begûn hy ek as ûntwerper en makker fan klokken. Yn 1989 sluet hy him oan by it AHCI (Académie Horlogère des Créateurs Indépendants), in ynternasjonaal gilde fan klokken- en horloazjebouwers meit inkele tsientallen leden.
Yn 1992 presenteare hy op de horloazjebeurs fan Bazel it earste polshorloazje yn'e wrâld dat in kompleet planetarium ynboud hie. It horloazje wie unyk yn de wrâld en festige de namme fan de bouwer. Fan 1994 ôf besleat hy him dêrom ta te lizzen op de produksje fan polshorloazjes.
Hast elk model fan dit horloazjemerk hat in relaasje mei stjerrekunde. In soad horloazjes hawwe dan ek spesjale funksjes lykas de stân fan moanne, sinne, stjerren en palneten of de oantsjuting fan dei, datum, moanne, jier of seizoen. Boppedat dogge de oerwurken faaks klassyk oan. Alle horloazjes wurde yn lytse oplage produsearre en binne mei de hân makke.