Chloë Moretz

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Moretz, 2013
Moretz, 2010

Chloë Grace Moretz (Atlanta, 10 febrewaris 1997) is in Amerikaanske jeugdaktrise dy't ûnder oaren yn'e film Let Me In de rôl fan 'Abby' spile.

Biografy[bewurkje seksje | edit source]

Chloë Moretz is hikke yn Atlanta, de haadstêd fan de Amerikaanke steat Georgia, en tein yn Cartersville yn de Bartow County. Heit, McCoy Lee Mortez, is plastysk sjirurch en mem, Teri Duke Moretz, is ferpleechkundige. Moretz hat fjouwer bruorren Brandon, Trevor, Colin en Ethan.

Doe't har broer Trevor Duke Moretz mei aktearjen út ein sette, krige Moretz ek niget oan yn aktearjen. Mortetz spile har earste rôl yn de televyzjesearje The Guardian. Har debút as filmaktrise wie yn 2005 mei de rol fan 'Molly' yn Heart of the Beholder en hja die ek mei yn de horrorfilm The Amityville Horror. In jier hie hja in rôl yn de komeedzje Big Momma's House 2.

Op televyzje hat se ûnderwilens noch inkelde gastrôllen. Sy wie te sjen yn ôfleveringen fan My Name Is Earl en Desperate Housewives.

Yn 2010 hat Moretz mei har rôl as 'Hit Girl' yn de aksjefilm Kick-Ass in ynternasjonaal súkses. Yn 2011 spile Chloë Moretz 'Isabelle' yn'e film Hugo. Moretz hat ek in protte niget oan moade.[1]

Filmografy[bewurkje seksje | edit source]

Jier Film Rol Status
2005 Heart of the Beholder Molly
2005 The Family Plan Jonge Charlie TV
2005 The Amityville Horror Chelsea Lutz
2005 Today You Die Famke yn sikehûs
2006 Big Momma's House Carrie
2006 Room 6 Melissa Norman
2006 Wicked Little Thinks Emma Tunny
2007 The Cure Emily TV
2007 The Third Nail Hailey
2007 Hallowed Ground Sabrina
2007 My Friends Tigger & Pooh: Super Sleuth Christmas Movie Darby lûd
2008 The Eye Alicia
2008 The Poker House Cammie
2008 Bolt Jonge Penny lûd
2009 Tigger and Pooh and A Musical Too Darby lûd
2009 Not Forgotten Toby Bishop
2009 (500) Days of Summer Rachel Hansen
2010 Diary of a Wimpy Kid Angie
2010 Kick-Ass Mindy Macready / Hit-Girl
2010 Jack and the Beanstalk Jillian
2010 Let Me In Abby
2011 Hugo Isabelle
2012 Dark Shadows Carolyn Stoddard

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Chloë Moretz Fansite - Journal