Charlotte Mutsaers

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Charlotte Mutsaers

Charlotte Jacoba Maria Mutsaers (Utert, 2 novimber 1942) is in Nederlâns skriuwster, esseeïste en keunstskilderes.

Libbensrin[bewurkje seksje | edit source]

Mutsaers waard berne as dochter fan de keunsthistoarikus Barend Mutsaers, dy't oan de Universiteit Utert stie.[1] Nei it gymnasium studearre hja earst Nederlânsk yn Amsterdam. Dêrnei waard sy dosinte Nederlânsk oan it Heger beropsûnderwiis. Wilens die sy de jûnsoplieding tekenjen en skilderjen oan de Gerrit Rietveld Akademy, ek yn Amsterdam. Koart nei har eineksamen yn skilderjen en frije grafyk waard se as dosint skilderjen oan dy akademy beneamd. Sy hat dêr goed tsien jier lesjûn.

Neist skilderijen en grafyk hat Mutsaers ek postsegels ûntwurpen, yllustraasjes makke foar de Boekebylage fan it opinyblêd Vrij Nederland en tal fan boeken fan in omslach foarsjoen.

Mutsaers har skilderijen waarden ûnder oaren útstald by bij Piet Clement, yn it Frans Hals Museum te Haarlim, it Gemeentemuseum fan Arnhim, de Nije Tsjerke te Amsterdam en Museum de Beyerd te Breda. Op de tentoanstelling Paraat met pen en penseel yn it Nederlânsk Letterkundich Museum yn De Haach yn 2010 waard Mutsaers har dûbele talint beljochte.

Earst om har 40e hinne sette Mutsaers útein mei de skriuwerij. Op 2 april 2010 hat de NPS de dokumentêre De wereld van Charlotte Mutsaers útstjoerd, in film fan Suzanne Raes. Maaie 2010 krige Mutsaers foar har literêre fertsjinsten de P.C. Hooft-priis útrikt.

Privee en polityk[bewurkje seksje | edit source]

Mutsaers is troud mei de neerlândikus Jan Fontijn. Sy wenje ôfwikseljend yn Amsterdam, Oostende en Frankryk.

By de Twadde Keamerferkiezingen 2006 stie se lykas in protte oare bekende Nederlannen op de list fan gadingmakkers foar de Partij foar de Bisten.

Bibliografy[bewurkje seksje | edit source]

Sekundêre bibliografy[bewurkje seksje | edit source]

Prizen[bewurkje seksje | edit source]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]


Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Biografy
  2. Mutsaers wint P.C. Hooft-priis, NU.nl, 14 desimber 2009