Charlotte Brontë
Charlotte Brontë (Thornton, 21 april 1816 – Haworth, 31 maart 1855) wie in Britske skriuwster.
Sy hie twa susters dy't ek ferneamde skriuwsters wiene: Anne en Emily. Ek wie der in broer: Branwell Brontë. Harren heit Patrick Brontë wie in predikant fan Ierske komôf.
Charlotte brûkte it pseudonym Currer Bell.
Yn 1831 folge sy lessen yn Roe Head en wie twaris in skoft gûvernante. Yn 1842 gong sy mei hat jongere suster Emily, mei wa't se in priveeskoalle begjinne woe, nei it pensjonaat Heger te Brussel dêr't hja fereale waard op de direkteur. In protte fan har ûnderfinings ferwurke se yn har romans, benammen yn it ferneamd wurden Jane Eyre (1847).
Neidat har suster Emily ferstoarn wie, waard Emily's ferneamde roman Wuthering Heights útbrocht ûnder redaksje fan Charlotte.
Charlotte troude yn juny 1854 mei de helppredikant fan har heit, Arthur Bell Nichols. Noch gjin jier letter stoar sy krekt as Emily oan tuberkuloaze.
Yn 1857 ferskynde har biografy Life of Charlotte Brontë, in wurk fan kollega-skriuwster en freondinne Elizabeth Gaskell. It boek is fral rjochte op de ferhâlding tusken Charlotte's ydentiteit as skriuwster en har rol as dochter, suster en (troude) frou.
[bewurkje seksje] Bekendste wurken
- Jane Eyre
- The Professor
- Shirley
- Vilette
- Poems (Currer, Ellis en Acton Bell)
[bewurkje seksje] Ferfilmings
- Jane Eyre
[bewurkje seksje] Keppeling om utens
- Website of the Brontë Parsonage Museum in Haworth, Yorkshire
- Charlotte Bronte Bibliography
- Charlotte Brontë — Drawing by George Richmond (National Portrait Gallery)
- Charlotte Brontë and Her Circle, troch Clement K. Shorter, op Projekt Gutenberg
- Charlotte's Web
- Webstee website oer de Brontës
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Charlotte Brontë fan Wikimedia Commons. |
