Charleston (West-Firginia)

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Charleston (West Firginia)")
Gean nei: navigaasje, sykje
Charleston
Charleston WV skyline.jpg
Sifers
Ynwennertal 51.400 (2010)
Oerflak 84,7 km²
Befolkingstichtens 652,7 / km²
Stêdekloft 304.214
Hichte 182 m
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat West-Firginia
County Kanawha
Oar
Koördinaten
Webside Offisjele webside Charleston
Charleston yn Kanawha County yn West-Firginia.

Charleston is de haadstêd fan de steat West-Firginia yn de Feriene Steaten, en ek de grutste stêd fan de steat. It leit yn Kanawha County, dêr't it ek it haadplak fan is, op it plak dêr't de rivieren Elk en Kanawha by elkoar komme. Yn 2004 wennen der sa'n 51.685 minsken.

Eartiids wie sâltwinning (earste put yn 1806) en de ierdgaswinning (earste put yn 1815) fan belang foar Charleston. It oanswettende gebiet Kanawha Salines, no Malden, soe de grutste sâltprodusearder fan de wrâld wurde. [1] Letter wie it fral stienkoal dat de stêd en omkriten wolfeart brocht. Tsjintwurdich spylje hannel, nutsbedriuwen, oerheid, sûnenssoarch en ûnderwiis de grutste rol yn de ekonomy fan de stêd.

De earste fêste delsetting dêre, Fort Lee, waard boud yn 1788. Yn 1791 siet Daniel Boone yn de folksfertsjintwurdiging fan Kanawha County.

Charleston is de thúsbasis fan it West Virginia Power basketbalteam (de eardere Charleston Alley Cats) en it West Virginia Wild (minor league) basketbalteam. Alle jierren wurdt de Charleston Distance Run holden. It fleanfjild hjit Yeager Airport en der is in universiteit, de Universiteit fan Charleston.

Charleston hat in tal publike parken, sa as it Cato Park en Coonskin Park en de Kanawha Steatskbosk, in grut iepenbier park mei in swimbad, kempings, fyts- en kuierpaden, picknickplakken en fakânsjehûskes.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://www.wvexp.com/index.php/First_Natural_Gas_Well