Charles J. Guiteau

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Charles J. Guiteau

Charles Julius Guiteau (Freeport (Illinois), 8 septimber 1841Washington D.C., 30 juny 1882) wie in Amerikaanse abbekaat dy't op 2 july 1881 de Amerikaanse presidint James Garfield beskeat. De presidint ferstoar úteinlik op 19 septimber oan syn ferwûnings.

Guiteau waard as kind faak slein troch syn heit. Syn pake liet him 1000 dollar nei, wêrmei't hy oan in Rjochtenstúdzje begûn, dit wie gjin súkses en hy waard fau fan skoalle stjoerd. Dit hâlde him net tsjin en mei de rest fan pakepong begûn er in abbekatekantoar yn Chicago. Hy brûkte in oantal kompleet optochte oanrikkenmedaasjebrieven fan elke bekende Amerikaanse famylje dy't hy mar betinke koe. Neidat al syn zaken einigen mei lilke kliïnten, rrekke er it paaad bjuster en einige yn de kontroversjele Oneida Commune. Hy waard úteinlik út de sekte setten omdat it dúdlik wie dat hy mentaal net hielendal spoarde.

Guiteau rekke ynteresearre yn polityk en hy joech in oantal kearenûnútnoege, rammeljende taspraken by de ferkiezingskampanje fan Garfield. Hy miende dat mei dizze bydragen hysels ferantwurdlik wie foar de oer de oerwinning fan Garfield. Hy stie der op dat him in ambassadeurskip takend waard foar syn bewezen tsjinsten. Doe't it Wite Hûs dizze eask negearde luts hy him werom en begûn te bidden. Hy leauwde dat God him opdroegen hie om de presidint te fermoardzjen. Guiteau kocht in djoer .44 pistoal dat rynsk fersierd wie mei edele metalen, sadat it in goed museumstikwêze soe nei de oanslach. Hy skeat Garfield yn syn efterholle doe't dy op in trein stapte yn Washington D.C..

It soe noch in oantal wiken duorje eardat de presidint úteinlik op 19 septimber ferstoar. Op syn siikbêd waard in grut oantal ferskillende eksperiminten op him útprobearre. Bygelyks waard in troch Alexander Graham Bell ûntwikkele metaaldetektor brûkt om te besykjen de kûgel yn'e holle te finen. Dit slagge lykwols net, grif troch in steuring fan de metalen spiralen yn it bêd dêr't de presidint op lei. Uteinlik ferstoar Garfield grif troch in ynfeksje dy't feroarsake waard trochdat de dokters konstant syn wûne behannelen sûnder goede sterilisaasje.

Guiteau waard wat in mediaheld by de rjochtszaak tsjin him fanwege syn bizarre gedrach. Dit gedrach bestie ûnder oare út it meitsjen fan tige negative opmerkings oer syn abbekaten, syn tsjûgenissen wienen yn de foarm fan lange gedichten en hy frege advys oer syn ferdigening oan willekeurige taskôgers. Op in stuit stelde hy dat Garfield ferstoarn wie troch medyske fouten, wat miskyn wol in bytsje wier wie. Oant de ein fan de rjochtssaak bleau Guiteau plannen meitsjen om op toernee te gean sadrre't hy frijlitten wurde soe. Hy wie dan ek bot teloarsteld doe't de sjuery net oertsjûge wie fan syn godlike opdracht en him feroardiele foar de moard. Hy waard oan it begjin fan de simmer fan 1882 yn de Amerikaanse haadstêd ophong.

De rjochtssaak fan Guiteau wie ien fan de earste wichtige Amerikaanse rjochtssaken dêr't besocht waard om de fertochte frijsprutsen te krijen op basis fan it feit dat hy net-tarekkeningsfetber wêze soe. Dit ûndanks it feit dat Guiteau folhâlde dat hy net gek wie, dit ferskil fan miening wie ien fan de wichtichste oarsaken fan it skeel tusken him en syn abbekaten.