Caster Semenya

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Caster Semenya

Mokgade Caster Semenya (Polokwane, 7 jannewaris 1991) is in Súd-Afrikaanske middellange-ôfstânsrinner dy't yn de 800 meter spesjalisearre is. Op dizze ôfstân is se wrâld- en Súd-Afrikaanske kampioen woarn.

Al in skoftke is der wat gedoch om Semenya. Ut tests docht bliken dat Semenya oer trije kear safolle lichemseigen testosteron beskikt as de gemiddelde frou. Hjirtroch ûnststie der twifel of't se wol werklik in frou is. De IAAF, it wrâldatletykbûn, hat frege of Semenya oan fierdere tests meidwaan woe, hjir stimde se mei yn. Oer inkele wiken wurde de resultaten ferwachte.

De situaasje docht bot tinken oan dat fan Foekje Dillema healwei de 20e ieu.