Carson City (Nevada)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Carson City)
Carson City
Consolidated Municipality of Carson City
Kapitool fan Nevada
Kapitool fan Nevada
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Nevada
Sifers
Ynwennertal 55.274 (2010)
Oerflak 435 km²
Befolkingsticht. 151 / km²
Hichte 1.463 m
Oar
Stifting 1858
Tiidsône Pasifyk (UTC−8)
Simmertiid Pacific (UTC−7)
Koördinaten
Offisjele webside
Webside Carson City
Lizzing Carson City yn Nevada
Befolkingsopbou neffens âldens

Carson City is sûnt 1861 de haadstêd fan de Amerikaanske steat Nevada. It plak lei yn it fierste westen fan de steat oan de igge fan de Tahoemar. It is in ûnôfhinklik stedsdistrikt, dat it heart net by in county fan Nevada.

De stêd waard stifte yn 1851 yn de tiid dat de mynbou bot opgong makke yn Nevada. Yn it gefal fan Carson City gie it om sulverminen, dy't al lang leeghelle binne.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste Jeropeanen dy't de omriten besochten, wiene de leden fan de ekspedysje fan John C. Frémont yn jannewaris 1843. Fremont ferneamde de pleatslike rivier, de Carson, nei syn ferkenner en Mountain Man Christopher „Kit“ Carson. De delling en omkriten waarden doetiids bewenne troch de Wasjû. De hannelspost oan de rivier de Carson hjitte tenei Eagle Station. Yn 1858 waard de namme fan de delsetting, dy't him stadichoan ûntjaan kinnen hie, feroare yn Carson City.

Doe't der yn de neifolgjende jierren goud en sulver yn it tichteby lizzende Comstock Lode (dat no ûnder Firginia City rekkene wurdt) ûntdutsen waard, folge in ûnbige groei fan Carston. Fanwege dy sterke befolkingsgroei waard Nevada yn 1861 fan it Utah-Territoarium skieden. It slagge Carson City om de konkurrinten Firginia City en American Flat foar te bliuwen yn de striid om haadstêd te wurden. Carson is haadstêd bleaun, ek neidat it Nevada-terriroarim yn 1864 in dielsteat waard. Mei dêrtroch waard de ôfhinklikheid fan mynbou minder en waard hannel mear wichtich. Tusken Virginia City en Carson City waard it Virginia & Truckeespoar oanlein en yn 1870-71 waard it Kapitool fan Nevada boud.

De oanlis fan it spoar oer de Donnerpas, koe Carson net fan profitearje omdat it te fier nei it noarden lei, dat de hannel waard minder en it ynwennertal fan Carson City sakke. Doe't de mynbou yn Tonopah en Goldfield opgong makke, koe Carson dêr in skoft har foardiel mei dwaan. Yn de rin fan de 20e iuw waakste it plak stadichoan, sadat yn de sechtiger jierren it ynwennertal fan 1880 fannijs berikt waard.

Ekonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It toerisme is tige wichtich foar Carston. Trekpleisters binne de kasino's, de spûkstedsjes yn de omkriten út de tiid fan it Wylde Westen en de sulver- en goudminen dy't net mear yn it wurk binne.

Ferneamde persoanen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stedsbyld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]