Carla van der Heijde

Ut Wikipedy
Yllustraasje
Wetterspegel (Ljouwert)

Carla van der Heijde (Ljouwert, 14 oktober 1954) is keunstskilder, berne yn Ljouwert. Har "atelier Carlavanderheijde" is oan de Oostergrachtswal 25 yn Ljouwert.

Se krige har oplieding Monumintaal skilderjen oan de Akademy Vredeman de Vries yn Ljouwert en helle it ûnderwiisfoech Skilderjen oan Akademy Minerva yn Grins. Yn 1978 krige se de Drompelpriis fan de gemeente Ljouwert, in stimulearringspriis foar krekt-ôfstudearden. Sûnt 1979 wurket se as útfierend keunstner, dosint en yllustrator. Sy folge in Kreatyf Didaktyske oplieding foar Byldzjende Keunst oan de Akademy Minerva yn Grins sadat se it foech hie ta lesjaan yn tekenjen/skilderjen, modeltekenjen en akwarellearjen. Wurke fan 1979 - 1983 by it Sintrum Keunstsinnige Foarming De Blauwe Stoep yn Ljouwert en nei 1987 oan CKV ‘Het Klooster’ yn Hurderwyk.

Skilderjen is foar Van der Heijde in aventoer, de earste oanset kin in persoanlike ûnderfining of oantins wêze, mar it einresultaat leit dan noch net fêst. It ekspressive wurk is de iene kear abstrakt, in oare kear wer figuratyf. By dit gefoelsmjittich wurkjen brûkt se geregeldwei foarm en kontrafoarm en ek kleurkontrasten. Carla wurket mei gouache, akryl en monotype op it mêd fan skilderjen, tekenjen en grafyk. Joech mei foarm oan telefyzjeprogramma's en wurke yn 1979 as yllustrator oan Friesland Post

Har projekt "Taal & Teken" is útfierd yn gearwurking mei skriuwster Baukje Wytsma by it Frysk Festival 2008 yn Snits en Ljouwert. Yn elk fan de tsien stêden stiet in wurd yn waarfêst stiel. De wurden illustrearje harsels, of sizze wat fan de omjouwing dêr't se yn steane.

In tal boeke-yllustraasjes mei Baukje Wytsma binne KoesBoek , De poes mei de lange sturt en Blauwe Loftfyts. Ek foar Bisteboel, Hein en syn hin en Pien en har spin fan Rients Gratama, makke se yllustraasjes.

Carla van der Heijde wie de libbenspartner fan Rients Gratama (1932-2017).

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: