Carien Kleibeuker

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Carien Kleibeuker ( It Hearrenfean, 12 maart 1978 ) is in eardere Fryske hurdrydster. Se wie spesjalisearre op de lange ôfstannen, benammen de 5000 meter. Op de 10.000 meter hat se (2007) it Thialf-baanrekord: 14.39,76, mear as in heale sekonde stadiger as it nasjonale rekord fan Carla Zijlstra út 1997: 14.39,22.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Biografy

Op ferskate toernoaien wist Kleibeuker sa no en dan de nasjonale top en dêrnei ek de Europeeske en wrâldtop te berikken. By de Nederlânske kampioenskippen per ôfstân yn Dimter yn 2000 hellet Kleibeuker har oant dan ta ienige medaljle op in grut toernoai, se einiget as tredde op de 5000 meter.

[bewurkje seksje] Seizoen 2005/2006

Nei dizze prestaasje wurdt der net folle mear oer har fernom as it om opfallende prestaasjes giet. Oant se op 9 desimber 2005 op deselde 5000 meter winnaresse wurdt fan de B-groep by de World Cup. Hjirtroch krijt se in nominaasje yn de oanrin nei de Olympyske Winterspullen 2006 yn Turyn. Om wis te wêzen fan kwalifikaasje moat Kleibeuker by de NK ôfstannen op It Hearrenfean by de earste trije einigje.

By dy NK ôfstannen 2006 (holden op 30 desimber 2005) slagget Kleibeuker yn har misje. Se einiget net allinnich yn de top trije, mar wit de ôfstân winnend ôf te sluten. Allinnich Renate Groenewold, Gretha Smit en Moniek Kleinsman dy’t efterinoar twadde, tredde en fjirde waarden kamen noch wat yn de buert. Foar Groenewold en Smit levere dizze prestaasje teffens kwalifikaasje op, mar Moniek Kleinsman moast it dwaan mei har startbewiis op de 3000 meter dat se in pear dagen earder ôftwong.

Op de Olympyske Winterspullen 2006 helle se it 10e plak op de 5000 meter.

Nei in troch oertrening teloarstellend seizoen 2006/2007 makke Carien Kleibeuker op 31 july 2007 bekend te stopjen mei riden. Se ruilet de iisbaan yn foar in karriêre as fysiotherapeute.

[bewurkje seksje] Persoanlike rekords

  • 1500 m  : 43,43 ( Calgary - 15 maart 2001 )
  • 1000 m  : 1.24,41 ( Baselga - 6 febrewaris 1999 )
  • 1500 m  : 2.03,28 ( Calgary - 16 maart 2001 )
  • 3000 m  : 4.08,71 ( Calgary - 15 maart 2001 )
  • 5000 m  : 7.02,38 ( It Hearrenfean - 30 desimber 2005 )
  • 10000m  : 14.39,76 ( It Hearrenfean - 24 maart 2006 )

[bewurkje seksje] Resultaten

jier NK
Ofstannen
WK
Ofstannen
Olympyske
Spullen
2000 Brûns 5000m 4e 5000m
2001-2004
2005 11e 3000
5e 5000m
2006 9e 3000
Goud 5000m
10e 5000m
2007 10e 3000m
Brûns 5000m
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen