Carel Hendrik Theodoor Bussemaker

Ut Wikipedy
Carel Hendrik Theodoor Bussemaker

Carel Hendrik Theodoor Bussemaker (Dimter, 5 jannewaris 1864Leien, 6 septimber 1914) wie in Nederlandsk skiedkundige en heechlearaar.

Oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bussemaker studearre letteren oan de Universiteit Leien, by ûnder oaren Robert Fruin en Pieter Lodewijk Muller. Hy promovearre 1888 op in proefskrift oer de skiednis fan Oerisel yn it Earste Steedhâlderleaze Tiidrek.

Wurkpaad[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bussemaker syn spesjaliteit wie diplomatike skiednis en steatkunde; hy waard dosint yn Zaltbommel en Haarlim en dêrnei beneamd ta heechlearaar oan de Universiteit Grins (1895-1905) en te Leien (1905-1914). Hy skreau ferhannelingen oer de Waalske goaen fan de Generale Uny (1896, 2 dielen; mei goud bekroand), in fuortsetting fan P.L. Muller syn Geschiedenis van onze tijd, joech in tal dielen út fan de Archives de la maison d'Orange-Nassau en skreau tal fan tydskriftartikels. Hy publisearre artikels yn ûnder mear twa bondels fan it Historisch Genootschap yn Grins Historische Avonden (1896-1907) en wie jierrenlang lid fan dat genoatskip. Yn dy snuorje skreau er ek artikels oer it Barriêretraktaat, de polityk fan it earste ministearje fan George I, oer de ambassade fan d'Affry, mar ek stúdzjesudies fan oare aard (oer de âlde Nederlânske posterijen en oer de aventurier Johan Willem Ripperda) nei de argiven fan Brussel, Parys en Madrid. Bussemaker wie lid fan de Keninklike Nederlânske Akademy fan Wittenskippen,

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • 1914. Bij het portret van professor Bussemaker Eigen Haard, siden 757-759.