Canterstate

Ut Wikipedy
Canterstate (1722)

Canterstate is in eardere state dy't op de terp fan Driezum stien hat. De state wurdt yn it "Register van den Aanbreng" út 1511 foar it earst beskreaun. It hûs wurdt dan bewenne troch lekkenkeapman Klaas Timens, dy't troud wie mei grutgrûnbesitster Renscke Jacobs Canter. Dochter Anna Canter wurdt letter eigener. Hja wie troud mei skepen Jacob Adams, dy't yn it stedsbestjoer fan Ljouwert siet. Hy liet him ek Canter neame. De state is lang yn besit fan de famylje bleaun.

Omdat der yn 1847 in te leech bod útbrocht waard, beslút eigener Petrus Jacobus van Knijff de state yn 1855 ôfbrekke te litten.

Bewenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1511 Klaas Timens en Renscke Jacobs Canter
  • Anna Canter en Jacob Adams (Canter)
  • Lieuwkie Jacobs Canter en Joannes van Oosten
  • Jacob Canter van Oosten
  • Frans Jacobs Canter
  • Franciscus Hendricus Canter
  • ± 1722 Anna Clara Canter en Ericus Meyerts van Haersma
  • Petrus Johannes Poutsma
  • Anna Clara van Poutsma en Johannes van Knijff
  • Petrus Jacobus van Knijff

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • T.E. Teunissen - De Dokkumer Walden, side 71
  • Argyf St. Christophorileen tot Oldehove
  • Oer Canterstate