Campegius Vitringa
Ut Wikipedy
Campegius Vitringa sr.[1] (Ljouwert, 16 maaie1659 - Frjentsjer, 31 maart1722) wie in Nederlânske protestantske teolooch en hebraist. Hy wie in neifolger fan Johannes Cocceius.
Hy studearre oan de universiteiten fan Frjentsjer en Leien, en waard professer yn Easterske talen oan de earste yn 1681. Syn beide haadwurken binne de dissertaasje oer de joadske synagoge, De Synagoga Vetere Libri Tres (Frjentsjer, 1685; 2dl ed. 1696) en syn Kommentaar op Jesaja (Ljouwert, 1714-20), dy't ferskate kearen werprinte binne yn de 18e ieu. It lêste wurk wie oant de tiid fan Gesenius de meast oansjenlike bydrage oan de eksegeze fan it bibelboek Jesaja. Fierders hat er noch Sacrarum Observationum Libri Sex publiseaare (Frjentsjer, 1683-1708).
Keppeling om utens[bewurkje seksje]
- Joadske ensiklopedy
- 908 026.pdf Between Grotius and Cocceius: The 'Theologica Prophetica' of Capeius Vitringa (PDF)
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|