Kammingabuorren

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Camminghabuorren)
Kamminghabuorren

Kammingabuorren of Camminghabuorren[1] wie in wyk yn de stêd Ljouwert mei ± 11.500 ynwenners. Sûnt 2018 is de wyk part fan de gruttere wyk Kammingabuorren en omkriten. De namme ferwiisd nei de Cammingha's, eartiids in wichtige Fryske haadlingefamylje. Se wennen op de Kammingaburch. De eardere buorskip wurdt ek skreaun as Kampenggabure, Kambuur of Camingabuiren. It soe in ferwizing wêze nei de manljusnamme Kempe.

Camminghabuorren leit oan de noardeastrâne fan Ljouwert en is én yn oerflakte (246 ha.) en yn tal ynwenners de grutste wyk fan Ljouwert. De wyk waard tusken 1977 en 1996 boud, leit oan it wetter en hat in eigen treinstasjon.

Yn it midden fan de wyk is it Kroanenbergerpark dat foar in part omsletten wurdt troch it Griene Stjerpaad, in fytspaad dat dwers troch de wyk hinne rint. Oan de noarlike kant fan it park is in fiskfiver dy't de ferskate wettergongen yn de wyk meiïnoar ferbynt. It park bestiet út in stripe grien en ferskate boartersplakken, sa as bygelyks in kuorbalfjild, in fuotbalfjild, in klimtoer en halfpipe. It park leit tichteby in tal basisskoallen.

Keunst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der rint in keunstroute troch de wyk mei alve keunstwurken út it tiidrek 1989 - 1997. Dy keunstwurken binne makke troch Hans van Meeuwen, Alfred Eikelenboom, Kazuo Katase, Irene Fortuyn, Jozef van der Horst, Tilly Buij, Jan van de Pavert, Aldo Rossi, Hans Janselijn, R.W. van de Wint, en it duo Matthijs van Dam en Peter Jansen.


Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
             Wiken en buerten yn Ljouwert
Flagge fan Ljouwert
hjoeddeistige wiken
Ald-East • Aldlân-De Himrik • Bilgaard-Havankpark en omkriten • Binnenstêd • De Súdlannen • Foksepark-Helicon • Frijheidswyk • Heechterp-Skieringen • Himpens/Tearns-Suderbuorren • Huzum-West • Kammingabuorren en omkriten • Middelsee • Nijlân-De Swette • Potmargesône • Sonnenborgh en omkriten • Westein en omkriten
eardere wiken
Aldlân • Bedriuweterrein-East • Bedriuweterrein-West • Kammingabuorren • De Swette • Faleariuskertier-Meagere Greide • Flietsône • Fûgelbuert-Muzykbuert • Grutte Wielen-De Griene Stjer • Huzum-East • Oldegalileën-Blommebuert • Oranjewyk • Skieringen-De Sintrale • Transfaalwyk-Rengerspark • Tsjerk Hiddes-Cambuursterhoek
buerten
Achter de HovenAldehouAldlân-EastAldlân-WestBilgaardBlitsaerdBlommebuertBlokhûspleinBonifasiusBûtengebiet-De SwetteBûtengebiet-NoardwestBûtengebiet-WestCambuurCambuursterpaadDe Griene StjerDe HimrikDe KlampDe SintraleDe SúdlannenDe Swette I-HarnzerfeartDe Swette II-SwettehavenDe Swette III-SkinkeskânsDe Swette IV-BusinessparkDe Swette V-NewtonDe Swette VI-DeinumerpolderDe WaachDe WerpEnerzjyKampus SylsterrakFaleariuskertierFjouwerhûsterwei en omkritenFokseparkwykFrijheidswyk-EastFrijheidswyk-WestFûgelbuertGerard DoubuertGrutte TsjerkebuorrenGrutte WielenHarnzerfeart-NoardHavankparkHeechterpHeliconHoekHollanderwykHuzum-BadweiHuzum-BorniaHuzum-DoarpHuzum-SixmaJan van ScorelbuertJulianaparkKammingabuorren-MiddenKammingabuorren-NoardKammingabuorren-SúdMeagere GreideMûnepaadNijlânNijstêdOldegalileënOranjewykRapenburchRengersparkSaailânSeeheldebuertSkieringenSkipsbuertSnakkerbuorrenSonnenborghStasjonskertierSuderbuorrenTechumTransfaalwykTulpeburchWelgelegenWesteinWiardaWielenpôleYndyske BuertZamenhofpark