Cambuurstadion

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Cambuurstadion
Cambuurstadion.jpg
Basis ynformaasje
Namme Cambuurstadion
Plak Ljouwert
Iepene op 12 septimber 1936
Kapasiteit 10.000
Bespiler SK Cambuur Ljouwert

It Cambuurstadion is it fuotbalstadion yn Ljouwert, fan de proffuotbalklub SK Cambuur Ljouwert. It stadion is op 12 septimber 1936 iepene. Yn 1995 en yn 1999 is it gebou folslein renovearre. It stadion bestiet út fjouwer los fan elkoar steande tribunes, yn de saneamde Ingelske styl. Der kinne sa’n 10.000 minsken yn, allegear sitplakken, en allegear oerdekt.

It stadion is sûnt 2006 net mear eigendom fan de klup sels. Trochdat Cambuur al ferskate jierren yn finansjele problemen ferkeard hat, is it stadion doe ferkocht oan Jan Riedstra. Sadwaande koe Cambuur in part fan de skulden ôfbetelje.

Keunstgers[bewurkje seksje | edit source]

Cambuur hat fan 2005 oant en mei healwei 2008 op keunstgers fuotballe. Reden hjirfoar wie de minne steat fan it gersfjild yn de jierren dêrfoar. It keunstgersfjild kaam by Edelgrass út Genemuiden wei. Dochts spilet de klup nei klachten fan de spilers en problemen mei de kwaliteit fan it fjild sûnt de simmer fan 2008 wer op echt gers. Ek is de kar foar it gewoane gers makke trochdat Cambuur yn de takomst mooglik nei in nij stadion ferhúzje sil wêrtroch't de ynfestearing yn nij keunstgers net út kin.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]