Caitlin MacNamara

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Caitlin Thomas, berne MacNamara (8 desimber 1913 - 31 july, 1994) wie in Ingelsk skriuwer en de frou fan de Welsh dichter en skriuwer Dylan Thomas. Hja skreau it boek Leftover Life to Kill.

Libben[bewurkje seksje | edit source]

MacNamara waard berne yn Hammersmith, Londen, wie de dochter fan Francis en Yvonne MacNamara. Francis woe graach dichter wêze, mar dat slagge net sa. Mei 12 jier wiene der al manlju dy't efter de kreaze, libbene Catlin oansieten. Mei 16 jier rûn se fuort fan de kostskoalle dêr't se hinne stjoerd wie en gie hja nei in dûnsskoalle. Yn 1933 sette hja har ta wenjen yn Ierlân, yn it Greefskip Clare en wenne dêr in skoft by har heit; letter wenne hja noch yn Parys mei dûnseres Vera Gibben. Dêr hie hja ek in koarte ferhâlding mei in skilder.

Werom yn Londen, moete MacNarama Thomas yn in bar yn 1936. It pear boaske op 11 july 1937 yn Penzance, Cornwall, mar tsjin it sin fan Dylan syn âlden. Sy krigen trije bern. Beide hiene se ek oare ferhâldings yn it houlik. Yn 1938 ferfarden sy nei Laugharne. Thomas wie in soad fan hûs en Caitlin ferfeelde har faak.[1] Boppedat wiene sy allebeide swiere drinkers.[2]

Nei Thomas syn dea yn 1953 ferfarde Caitlin yn oktober 1954 nei it eilân Elba yn Itaalje. Yn 1957 krige hja kunde oan Giuseppe Fazio, by wa't hja yn 1963 in bern krige, Francesko, hja wie doe 49 jier.[3] Caitlin joech de skuld fan Thomas syn dea oan ferkeard medysk hanneljen. (It liket ek sa te wêzen. It tatsjinjen fan morfine oan Dylan, dy't swierrichheden mei sykheljen hie, ropt fragen op.)

Nei de dea fan Thomas rekke Caitlin emosjoneel en psygologysk yn de nederklits neffens eigen sizzen[4]; op seker stuit moast hja sels opnommen wurde. Ek gie sy nei gearkomsten fan de AA yn 1973. Sy wie doe 60 jier.

Film[bewurkje seksje | edit source]

Der binne twa films oer MacNamara makke: The Edge of Love, dêr't MacNamara spile wurdt troch Sienna Miller; en Caitlin (mei Miranda Richardson en Rosamund Pike, dy't Caitlin op ferskillende mominten yn har libben sjen litte.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. BBC Wales, 6 novimber 2008
  2. Thomas troud MacNamara
  3. Koarte biografy fan Caitlin MacNamara
  4. The Telegraph 11 augustus 2008