C.F.F. Rinia van Nauta

Ut Wikipedy

Cornelius Franciscus Frisius Rinia van Nauta (Ljouwert, 25 desimber 1800 - Gytsjerk, 31 jannewaris 1872) wie abbekaat en kantonrjochter yn Burgum.
Dêrneist fan 06-07-1847 oant 24-09-1850 lid fan Provinsjale Steaten fan Fryslân foar Burgum en fan 05-07-1853 oant 04-07-1865 lid fan Provinsjale Steaten foar Ljouwert. Hy troude op 22 juny 1825 yn Burgum mei Willemina Henderika Baronesse van Heemstra en wenne yn Gytsjerk op it bûten Poelsicht, wylst de bûtenpleats Buitenrust dêr deun by, ek fan him wie. It pear krige 12 bern.

Syn jongste soan Cornelius Franciscus Frisius Rinia van Nauta, berne 21-1-1846 te Gytsjerk, stoarn 24-10-1919 te Apeldoarn, boaske 29-06-1876 yn Burgum oan Saakje Rauwerda (1856-1923). Hy wie yn maaie 1880 noch boer yn Oentsjerk, mar waard yn 1882 boargemaster fan Hylpen en fan 1887 oant 1911 boargemaster fan Idaerderadiel. Dêrneist wie er fan 1872 oant syn ferstjerren yn 1919 bestjoerder fan it "St. Christophorileen tot Oldehove" yn Ljouwert.