César Domela Nieuwenhuis

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
César Domela. Foto út De Stijl, 7e jiergong, nûmer 79/84 (1927): s. 91.


César Domela Nieuwenhuis, ek stavere as Césare Doméla (Amsterdam, 15 jannewaris 1900Parys, 30/31 desimber 1992) wie in Nederlân keunstskilder, grafikus, fotograaf, typograaf en edelsmid en lid fan de keunstbeweging De Styl.

Libben[bewurkje seksje | edit source]

Hy wie de jongste soan fan de sosjalistysk polikus Ferdinand Domela Nieuwenhuis en syn fjirde frou Johanna Egberta Godthelp, en wenne fan 1900 oant 1918 yn Hilfertsom. César Domela wie autodidakt en bestudearre earst de natoer. Fan 1919 oant 1923 wenne er yn it Switserske Ascona, dêr't er yn 1922 in konstruktivistyske-abstrakte styl ûntwikkele. Yn 1923 ferhuze er nei Berlyn. Datselde jier liet er syn wurk sjen op de útstalling fan de Novimbergroep dêre.

Skema mei meidoggers fan De Styl, 1917-1927.


Yn 1925 waard er lid fan De Styl (sjoch tabel) en wie dêrtroch goed befreone mei Theo van Doesburg en Piet Mondriaan. Hy wurke yn de twadde helte fan de jierren tweintich oan in styl dy't nau besibbe wie oan dy fan Mondriaan. Hy lei him foaral ta op de ûntjouwing fan reliëfs: trijediminsjonale skilderijen, dêr't it diagonaal in wichtige rol yn spylje soe. Dan eksperimintearre er ek noch mei fotomontaazjes en brûkte dy yn reklamewurk. Nei ± 1930 makke er reliëfs fan pleksyglês en metaal dy't yn it each foelen, mar hieltyd mei it oaljeferveskilderij as útgongspunt. Yn 1933 sette er him definityf ta wenjen yn Parys.

Yn 1936 die er mei oan de tentoanstelling Cubism and Abstract Art yn it Museum of Modern Art yn New York.

Wurk[bewurkje seksje | edit source]

Publikaasje[bewurkje seksje | edit source]

  • 'Ik houd niet van theoriëen van een kunstenaar over zijn werk [...]', De Stijl, 7e jiergong, nûmer 79/84 (1927): s. 91-92

Skilderijen[bewurkje seksje | edit source]

  • Neoplastische composition 5a. 1924. Oaljeferve op doek. 58 × 58 cm. Amsterdam, Christie's (9 juny 2004). Sjoch artnet.
  • Compositie. 1925.
  • Reliëfconstructie Nr. 11A. 1929. Glass, beskildere glês, beskildere metaal, fergroomd gielkoper en beskildere hout. 89,8 × 75,2 × 4,2 cm. Washington, Hirshhorn Museum and Sculpture Garden. Sjoch hirshhorn.si.edu.
  • Compositie. 1929. Houtfyk.
  • Neoplastisch reliëf nr. 10. 1930. Oaljeferve op hout. Pleksyglês, messing. 85 × 85 cm. Gemeentemuseum Den Haach. Sjoch Gemeentemuseum Den Haach.
  • Reliëf nr. 71. 1960. Oaljeferve op hout, messing. 120 × 80 cm. Gemeentemuseum Den Haach.
  • Reliëf nr. 167. 1977. Oaljeferve op hout, aluminium, pleksyiglês, messing. Ø 100 cm. Gemeentemuseum Den Haach. Sjoch Gemeentemuseum Den Haach.

Erfenis[bewurkje seksje | edit source]

Nei syn ferstjerren yn 1992 liet er syn mânske argyf nei oan de Nederlânske steat, dy't it ûnderbrocht yn it Ryksburo foar Keunsthistoaryske Dokumintaasje yn Den Haach.

Yn het Gemeentemuseum Den Haach wie fan 24 novimber 2007 o/m 6 april 2008 in útstalling fan syn skilderijen; de oanlieding wie in skinking fan in oantal skilderijen troch Domela syn dochters Lie Tugayé-Domela Nieuwenhuis en Anne Dutter-Domela Nieuwenhuis.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Anoniem, Artikel Cesar Domela (Kunstbus), 8 oktober 2007.
  • Anoniem, 23596 (Rijksbureau voor Kunsthistorische Documentatie), gjin datum.