Bussumerheide

Ut Wikipedy
Bussumerheide rjochting Bussum

De Bussumerheide is in heidegebiet fan 160 ha yn It Goai yn de provinsje Noard-Hollân. It leit besuden Bussum, en foar it grutste part op it grûngebiet fan de gemeente Hilfertsom.

Sûnt 2006 is de Bussumerheide troch in Natoerbrêge Zanderij Crailoo ferbûn mei gebieten fan it Goais Natoerreservaat ten westen fan it spoar Amsterdam-Hilfertsom.

De Bussumerheide grinzet oan de Westerheide. Tusken beide gebieten troch rint in streekrjochte, ûnferhurde wei foar fytsers, fan ûngefear trije km lang, de Nije Crailosewei (lokaal ek 'Gebed sûnder ein' neamd).

Monumint[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op dit plak waarden yn de Twadde Wrâldoarloch in tal finzenen troch de Dútske besetter deasketten; hja wiene ta de dea feroardield om reden fan fersets- en spionaazjeäktiviteiten.

Op de Bussumerheide is 1978 ta oantins fan de eksekúsje in monumintaal krús set yn it plak fan it ienfâldige krús dat der sûnt 1945 stie. Yn it earstoan hie it krús fjouwer nammen: A.A. Bosschart, L.A.R.J. van Hamel, R.P. s'Jacob en C. v.d. Vegte. Begjin 21e iuw waard de namme A.J.L. van Zomeren der oan taheakke.[1] Alle jierren wurdt dêr op 4 maaie in deadebetinking hâlden.

Panoramafoto[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Panorama fan de Bussumerheide

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Naam van Van Zomeren toegevoegd