Bunskoat (gemeente)
Bunskoat is in gemeente yn de provinsje Utert. De gemeente hat likernôch 19.400 ynwenners en hat in oerflakte fan 35,58 km² (dêrfan 4,21 km² wetter).
Ynhâld |
Kearnen [bewurkje seksje]
De gemeente hat fjouwer ofsjele kearnen: Bunskoat, Iemdyk, Spakenburch en Sânhuzen.
Tal ynwenners per wenkearn op 1 jannewaris 2004:
| Bunskoat en Spakenburch * |
19.467 | (1 jannewaris 2007) |
| Iemdyk | 840 | |
| Sânhuzen ** | 200 |
- Wêrfan 3.000 yn de kearn Bunskoat en 3.700 yn de kearn Spakenburch
- Kearn Sânhuzen en omlizzend bûtengebiet
Bunskoat en Spakenburch binne troch ferskate nijbouwiken sa oanelkoar woeksen, dat gjin ûnderskied mear makke wurdt tusken de twa, útsein foar de âlde kearnen fan de twa plakken. Foar de post lizze, bygelyks, alle adressen yn Bunskoat-Spakenburch. Dochs ferskilt it karakter fan de beide plakken dúdlik. Bunskoat, oan de súdkant, wie altyd in boeredoarp, mar hie yn it ferline wol stedsrjochten. Spakenburch hat altyd in fiskersdoarp west, eartiids oan de Sudersee, tsjintwurdich oan de Iemmar.
Karakteristyk foar Bunskoat en Spakenburch binne de oerâlde drachten, hoewol't it dragen hurd minder wurdt. Ek hawwe de doarpen in dúdlik Protestants-Kristlik karakter; benammen de Grifformearde Tsjerken frijmakke hawwe in soad leden.
Polityk [bewurkje seksje]
Gemeenteried [bewurkje seksje]
Utslach fan de gemeenteriedsferkiezing fan 2006:
| Gemeenteriedsferkiezing 2006 | |||||
|---|---|---|---|---|---|
| Partij | Stimmen yn % | Sitten | |||
| KristenUny | 39,9 | 7 | |||
| Betelber Bunskoat | 21,5 | 4 | |||
| CDA | 20,8 | 3 | |||
| Kristlike Arbeiderspartij (CAP) | 17,8 | 3 | |||
| Opkomst | 69,5 | 17 | |||
Utslaggenoersjoch fan de gemeenteriedsferkiezings yn Bunskoat sûnt 1994:
| Histoarysk oersjoch gemeenteriedsferkiezings | ||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| Partij | Stimmen yn % | Sitten yn de ried | ||||||
| 1994 | 1998 | 2002 | 2006 | 1994 | 1998 | 2002 | 2006 | |
| KristenUny | (29,7) | (40,2) | 39,1 | 39,9 | (5) | (7) | 6 | 7 |
| Betelber Bunskoat | - | - | 10,1 | 21,5 | - | - | 2 | 4 |
| CDA | 17,1 | 22,3 | 22,2 | 20,8 | 3 | 4 | 4 | 3 |
| Kristlike Arbeiderspartij (CAP) | 23,4 | 20,9 | 17,8 | 17,8 | 4 | 4 | 3 | 3 |
| VVD | 9,0 | 7,4 | 5,7 | - | 2 | 1 | 1 | - |
| Progressyf-Politike Gearwurking (PPS) | 7,2 | 6,3 | 5,2 | - | 1 | 1 | 1 | - |
| GPV | 29,7 | 29,6 | - | - | 5 | 5 | - | - |
| RPF | - | 10,6 | - | - | - | 2 | - | - |
| SGP | - | 2,9 | - | - | - | 0 | - | - |
| Oare partijen (RPF-SGP) | 13,6 | - | - | - | 2 | - | - | - |
| Opkomst | 79,4 | 66,9 | 64,9 | 69,5 | 17 | 17 | 17 | 17 |
- 2002: GPV & RPF → KristenUny
Kolleezje fan B en W [bewurkje seksje]
It kolleezje fan boargemaster en wethâlders bestiet (2008) út leden fan de ChristenUnie en Betelber Bunskoat (tegearre 11 fan de 17 sitten).
- Boargemaster: Melis van de Groep - KristenUny
- Wethâlder: Willem Heinen - KristenUny
- Wethâlder: Peter Korlaar - Betelber Bunskoat
Yn de perioade 2002-2006 wie der in kolleezje fan B&W dat bestie út de KristenUny, it CDA en de Kristlike Arbeiderspartij (mei-inoar 13 fan de 17 sitten).
Berne [bewurkje seksje]
- Melis van de Groep (1958), amtner en politikus (by Bunskoat: amtner (1979-1991), riedslid (1994-2002), wethâlder (1997-2006) en boargemaster (sûnt 2006)
