Bundesautobahn 28

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Bundesbahn 28

De Bundesautobahn 28 (BAB28) is in snelwei yn it noarden fan Dútslân. De wei rint fan Leer oer Oldenburg nei Bremen. De hiele snelwei, 92 kilometer lang, is ûnderdiel fan de E22.

By Dreieck Leer giet de A28 oer yn de A31 rjochting Oberhausen. It trasee tusken Dreieck Leer en Emden (fan de A31) ferrint middels in aparte ôfslach.

By Oldenburg makket it trasee fan de A28 in oantal wendingen en rint dan foar in diel bylâns de A293 en A29.

Berucht is de oansluting by Delmenhorst Hjir jout de B322 fanôf Dreieck Delmenhorst oansluting op de A1. Dizze minne ferbining feroarsaket in soad files. Nei ferwachting sil medio 2009 de B322 hielendal omboud wêze ta autosnelwei. De wei hat wyls al 2x2 rydstroken.