Bruno Lieuwes van Albada

Ut Wikipedy
Bruno Lieuwes van Albada
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Bruno Lieuwes van Albada
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 11 desimber 1792
berteplak Maastricht (Steatsk-Limburch)
stoarn 27 jannewaris 1876
stjerplak Warkum (Fryslân)
etnisiteit Frysk
wurk
taal Nederlânsk
sjenre non-fiksje (learboekjes, autobiografysk
wurk
, taalkunde)
perioade 19e iuw
bekendste
  wurk(en)
Eenen Bijdrage tot den
   Bildtschen Tongval

Uit de Oude en Nieuwe Doos
jierren aktyf ±18201876
offisjele webside
n.f.t.

Bruno Lieuwes van Albada (Maastricht, 11 desimber 1792Warkum, 27 jannewaris 1876) wie in Frysk letterkundige en skriuwer fan learboekjes.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Van Albada waard berne yn Maastricht, dêr't syn heit, Lieuwe Bruno van Albada, doedestiden legere wie. Sawol syn heit as syn mem, Jetske Poort, wiene ôfkomstich út Harns. Koart nei syn berte ferfear Van Albada mei syn âlden nei Ljouwert, dêr't er de Latynske skoallen trochrûn. Neitiid learde er fan 1811 oant 1814 troch oan 'e Ryksuniversiteit Grins, yn 'e teology, mar waard lykwols úteinlik ynstee ûnderwizer, fanwegen in brekme oan beskikberheid fan predikantsplakken. Fan 1816 oant 1828 wied er skoalhaad te Aldebiltsyl, en dêrnei yn Warkum oant syn pinsjonearring yn 1860.

Van Albada wie te Froubuorren troud mei IJtje Zijlstra (1802-1875). Hy skreau ferskate skoalboekjes, in stúdzje oer it Biltsk (Eenen Bijdrage tot den Bildtschen Tongval) en oantinkens: Uit de Oude en Nieuwe Doos (1875). Hy ferstoar yn 1876 te Warkum. Syn oantinkens oan syn Biltske tiid waarden yn 1961 troch Hotze Sytses Buwalda oerset yn it Biltsk en yn trije ôfleverings publisearre yn 'e Biltske Post, ûnder de titel Ut 't Leven fan 'n Ouwesylster Skoalmaster (1816-1828).

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J. H. en oaren, Encyclopedie van Friesland, 1953, Albada, Bruno Lieuwes van.