Brummen (plak)

Ut Wikipedy
Brummen
Brummen
Michaelshoeve
Brummen
Tsjerke fan Brummen
Engelenburch
Lyts Engelenburch

Brummen is in plak yn de gemeente Brummen yn de provinsje Gelderlân. It leit oan de Isel tusken Sutfen en Dieren, der fart in fearpontsje nei Bronckhorst. De namme "Brummen" dûkt foar it earst op op in oarkonde wêryn in tal stikken lân skonken wurde fan greve Wrachari oan Liudger. Yn dy oarkunde wurdt skreaun oer Brimnum, yn 794. Op dit jiertal wurde fieringen fan it bestean fan Brummen basearre. Yn 1994 waard it 1200-jierrich jubileum grut fierd.

Foar 1800 wie Brummen it haadplak fan it Feluwske amt Brummen, dat bestie út de kerspels Brummen en Hall.

Yn 1865 kaam de spoarferbining ree. Oant dy tiid rieden der postweinen, fia de wei fan Arnhim naar Sutfen.

It Hûs Engelenburch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kastiel Grut Engelenburch stamt út de Midsiuwen, en waard yn 1624 troch it Spaanske leger ferwoaste. Jacob Schimmelpenninck II boude op de âlde grûnfêsten in nij lânhûs op it lânguod fan 230 hektare, dat hy foar de jacht brûkte. Neidat it yn de 20e iuw lange tiid as fakânsje- en konferinsjeoard yn besit wie fan ferskate banken waard it yn 1988 yngreven restaurearre. Dêrnei is it yn gebrûk nomd as golfklup en hotel. Neist it hûs binne terrassen en tunen. Op it lângoed is yn it bosk- en parklânskip in njoggen-holes golfbaan oanlein.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Brummen steane de twa grutste mammoetbeammen fan Nederlân.[1] It plak telt ûngefear 92 ryksmonuminten.

Berne[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bekende ynwenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Grootste mammoetboom van Nederland