Broekmûne

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De Broekmûne yn it bûtenfjild

De Broekmûne is in poldermûne krekt ten westen fan it doarp Broeksterwâld yn de gemeente Dantumadiel.

De Broekmûne, in grûnsiler, waard boud yn 1876 foar it bemeallen fan de Broekpolder. De houten achtkante mûne, mei stiennen fjildmuorren en dekt mei reid, hat in flecht fan 16,70 m. Yn 1911 krige de mûne in selsswichting en yn 1937 fan Dekker-stroomlining. De Broekmûne krige yn 1961 in nije fizel, dy't oandreaun waard troch in motor. In pear jier letter waard de mole bûten wurking steld en koe hy allinnich noch mealle yn sirkwy. De Broekmûne, dy't yn 1975 restaurearre waard, is sûnt 1977 eigendom fan de Stifting De Fryske Mole. Hy is op ôfspraak te besichtigjen.

Yn 2008 waard de mûne fanwege de minne steat fan de roeden stilsetten.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]