Brigitte Bardot
Brigitte Bardot, ek wol BB neamd, (Parys, 28 septimber 1934) is in Frânsk fotomodel, sekssymboal, aktrise en sjongster.
Brigitte Bardot hat yn totaal 48 films makke. Yn 1958 briek hja ynternasjonaal troch mei Roger Vadim's "Et Dieu créa la femme", wêryn't sy it weesfamke Juliette spilet. De film feroarsake in sensaasje yn de Feriene Steaten en brocht Bardot wrâldferneamdens.
Brigitte Bardot wie it bêst op har plak yn lichte komeedzjes, wêrfoar't hja in dúdlik talint hie. In goed foarbyld derfan is 'Une Parisienne' út 1957; nei't sy sels sein hat ien fan de pear films wêr't hja grutsk op is.
Sûnt de jierren 70 is Bardot warber as diererjochteaktiviste en set sy har yn foar natuerbehâld op it skiereilân efter St. Tropez. Bardot har mienings oer saken sa as ymmigraasje, de islam en homoseksualiteit binne kontroversjeel en hawwe har reputaasje yn de rin fan de jierren gjin goed dien.
Sy hat ien bern, Nicolas-Jacques Charrier (berne yn 1960).
Filmografy [bewurkje seksje]
- 1952:Manina, la fille sans voile - Manina
- 1952:Les Dents longues - Tsjûge by houlik
- 1952:Le Trou normand - Javotte Lemoine
- 1953:Le Portrait de son père - Domino
- 1953:Un acte d'amour - Mimi
- 1954:Tradita - Anna
- 1954:Si Versailles m'était conté - Mademoiselle de Rozille
- 1955:La Lumière d'en face - Olivia Marceau
- 1955:Futures vedettes - Sophie
- 1955:Le Fils de Caroline chérie - Pilar d'Aranda
- 1955:Doctor at Sea - Hélène Colbert
- 1955:Les Grandes manoeuvres - Lucie
- 1956:La Mariée est trop belle - Chouchou
- 1956:Helen of Troy - Andraste
- 1956:Cette sacrée gamine - Brigitte Latour
- 1956:Mio figlio Nerone - Poppea
- 1956:En effeuillant la marguerite - Agnès Dumont
- 1956:Et Dieu... créa la femme - Juliette Hardy
- 1957:Une Parisienne - Brigitte Laurier
- 1958:Les Bijoutiers du clair de lune - Ursula
- 1958:En cas de malheur - Yvette Maudet
- 1959:La Femme et le pantin - Eva Marchand
- 1959:Babette s'en va-t-en guerre - Babette
- 1959:Voulez-vous danser avec moi? - Virginie Dandieu
- 1960:L'Affaire d'une nuit - Frou yn Restaurant
- 1960:La Vérité - Dominique Marceau
- 1961:La Bride sur le cou - Sophie
- 1961:Amours célèbres - Agnès Bernauer
- 1962:Vie privée - Jill
- 1962:Le Repos du guerrier - Geneviève Le Theil
- 1963:Le Mépris - Camille Javal
- 1964:Une ravissante idiote - Penelope Lightfeather
- 1965:Viva Maria! - Maria I
- 1966:Marie Soleil - Cameo
- 1966:Masculin féminin: 15 faits précis - Famke yn koppel
- 1967:À coeur joie - Cecile
- 1968:Histoires extraordinaires - Giuseppina
- 1968:Shalako - Countess Irina Lazaar
- 1969:L'Ours et la poupée - Felicia
- 1969:Les Femmes - Clara
- 1970:Les Novices - Agnès
- 1971:Boulevard du rhum - Linda Larue
- 1971:Les Pétroleuses - Louise
- 1973:Don Juan ou Si Don Juan était une femme... - Jeanne
- 1973:L'Histoire très bonne et très joyeuse de Colinot Trousse-Chemise - Arabelle
Literatuer [bewurkje seksje]
- Brigitte Tast, Hans-Jürgen Tast (Hrsg.) Brigitte Bardot. Filme 1953-1961. Anfänge des Mythos B.B. (Hildesheim 1982) ISBN 3-88842-109-8.
Keppelings om utens = [bewurkje seksje]
- Stifting Brigitte-Bardot
- Radioscopie de Brigitte Bardot (1976) : ynterview troch Jacques Chancel (Ina Archives Télé)
- Brigitte Bardot by IMDB
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Brigitte Bardot fan Wikimedia Commons. |