Brewster F2A Buffalo

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Brewster F2A-3

De Brewster Buffalo wie in Amerikaanske gefjochtsfleanmasine (jager) dy't yn de Twadde Wrâldkriich troch sawol de alliearden as troch de asmogendheden brûkt waard. De prestaasjes fan dit tastel foelen lykwols slim ôf. Dochs wie er bytiden frijwat súksefol yn loftgefjochten, benammen de Finske loftmacht hat fan 1940 oant 1948 frijwat súkses boekt mei dit tastel.

It ûntwerp fan de Brewster F2A Buffalo wie fan 1936, doe't de Amerikaanske marine, de spesifikaasjes bekendmakke foar in iendeks jager.
Doe't er krekt yn produksje wie, wie de F2A frijwat modern, mar by de Japanske oanfal op Pearl Harbor wie it tastel al wer ferâldere neffens de easken fan de tiid. De marine hie lykwols te min fleanmasines, dat de produksje fan dit type waard fuortset, sels fergrutte.
De Buffalo wie lykwols net opwoeksen tsjin de Zero dat de ferliezen yn it begjin fan de kriich wienen grut. De Brewster waard doe skrast as fleanmasine foar de earste line.

Nederlânsk-Ynje[bewurkje seksje | edit source]

De Militêre Loftfeart fan it Keninklik Nederlânsk-Ynjysk Leger, koartwei ML-KNYL, hie in totaal 144 Brewsters fan it B-339C & 339D type besteld. Op it stuit dat de Twadde Wrâldkriich útbriek wiene der 71 tastellen levere, dêr't in stik as wat fan noch net fleanree wienen. De wol te brûken tastellen fjochten boppe Singapore oant sy weromroppen waarden foar de ferdigening fan Java. Meidat de tastellen lichter wienen as it type dat de Amerikaanske Loftmacht brûkte (F2A-3) wienen de Brewsters tige gaadlik foar it gefjocht tsjin de Japanske Nakajima Oscar-jagers, mar moasten se wol belies jaan tsjin de swierder bewapene Mitsubishi Zero, dy't ek folle hurder koe en folle better te kearen en te swaaien wie. De Brewsters waarden ek brûkt as jachtbommesmiters tsjin Japanske skippen. De lêsste flecht mei Brewsters fan de ML-KNYL wie op 7 maart 1942 dêr't Kaptein Jacob Pieter van Helsdingen it libben by ferlear. Totaal kamen 17 ML-KNYL piloaten om, waarden der 30 Brewsters delsketten en 15 op de grûn al ferneatige. De oare fleanmasines wiene ferûngemakke of ferovere (en dêrnei brûkt) troch de Japanners. De Brewsters hellen meiinoar 55 Japanske tastellen del. Op 19 febrewaris 1942 kamen acht Brewsters in formaasje fan 35 Japanske bommenwerpers, eskortearre troch 20 Mitsubishi Zero's tsjin. Yn it gefjocht dat doe folge giene fjouwer Brewsters ferlern, mar waarden der alve Japanske tastellen delsketten.

Farianten[bewurkje seksje | edit source]

Formaasje Finske Brewsters
  • F2A-1: 53 boud
  • F2A-2: 43 boud
  • F2A-3: 108 boud
  • B-339B: 40 oan Belgje
  • B-339C/D: 72 boud foar Nederlân
  • B-339E: 170 foar it Feriene Keninkryk
  • B-339-23: 20 foar Nederlân

Technyske feiten[bewurkje seksje | edit source]

F2A-3
Feiten
Lingte: 7,90 m
Spanwiidte: 10,7 m
Wjukoerflak: 19,4 m²
Hichte: 3,6 m
Motor: Ien Wright R-1820-34-stjermotor fan 708 kW (950 HK)
Topfaasje: 500 km/h op 5.500 m hichte
Fleanberik: 1.600 km
Bemanning: ien fleander
Tsjinstplafond: 10.100 m
Leechgewicht: 1.717 kg
Fleangewicht: 2.286 kg
Bewapening: Ien 7,62-mm-MG en ien 12,7-mm-MG
(of twa 12,7-mm-MG's yn de wjukken)

Fergelykbere tastellen[bewurkje seksje | edit source]

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • Peter M. Bowers: United States Navy Aircraft since 1911. Naval Institute Press, Annapolis (Maryland) 1990. ISBN 0-87021-792-5
  • Robert J. Cressmann: A Glorious Page in Our History. The Battle of Midway, 4-6 June 1942. Pictoral Histories Publishing, Missoula/Montana 1990. ISBN 0-929521-40-4
  • Brian Cull: Buffaloes over Singapore. RAF, RAAF, RNZAF and Dutch Brewster Fighters in action over Malaya and the East Indies 1941-42. Londen 2003. ISBN 1-904010-32-6
  • Kalevi Keskinen, Kari Stenman, Klaus Niska: Brewster Model 239. - Suomen Ilmavoimien Historia 1. Apali Oy.
  • Lentäjän näkökulma 2 = Pilot's viewpoint 2 by Jukka Raunio. 1993. - 255 p. ISBN 951-96866-0-6
  • Jim Maas: F2A Buffalo in Action (Squadron/Signal publications, 1988). ISBN 0-89747-196-2